iepeningSKIEDNIS foar de ûnderbou

Op dizze website stiet skiednismateriaal foar de ûnderbou fan it foartset ûnderwiis. Under de knoppen fan de tiidrekken steane lessen, powerpoints, en kompjûteropdrachten.

De site brûkt de yndieling yn tsien tiidrekken as kapstok. Dêrûnder stean yn gronologyske folchoarder de ûnderwurpen. De algemiene skiednis wurdt beskreaun mei foarbylden út de Fryske skiednis. De algemiene, de Nederlânske en de Fryske skiednis wurde sa ynmekoar skood.

Dizze site kin brûkt wurde by de fryske skiednis metoade Memo, mar ek njonken oare skiednismetoaden sa as de Nederlânske metoade Geschiedeniswerkplaats en Memo. In protte ûnderwerpen binne ek geskikt foar de heechste groepen fan de basisskoallen. De leskes kinne ek op in ipad brûkt wurde.

 >>> Disclaimer De lessen, digitale opdrachten, puzels en ferhalen dy't hjir stean, binne skreaun foar it fak skiednis yn it fuortset ûnderwiis. De brûkte ôfbyldingen en foto's binne foar in part fan mysels, komme fan it ynternet, komme út de Fryske metoade Memo dy't troch de AFUK útjûn wurdt en binne oernommen út boarnen dêr't ik fan tink dat der gjin kopijrjocht mear op sit. Mocht it sa wêze dat ik fan immen in foto brûkt ha, wêr't noch wol kopijrjocht op sit, dan hear ik dat graach. Dy foto of ôfbylding sil ik dan fuorthelje..
Alles wat hjir stiet, is mei soarch skreaun. Dôchs is it mooglik dat der earne flaters makke binne en dêrom is it gebrûk foar eigen risiko. Dizze website is dus noch net ôf en ek noch net sûnder flaters. Dat is it doel al. Korreksjes en tips wurde op priis steld.

Dirk Corporaal

This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.

 

 

De provinsje Fryslân en in protte Friezen binne foarstander fan meartalich fuortset ûnderwiis. Meartalich hâldt yn dat de learlingen yn it fuortset ûnderwiis yn trije talen de lessen oanbean krije; yn it Nederlânsk,  it Frysk en  it Ingelsk. Op dit stuit binne der al sa'n santich basisskoallen dy't trijetalich binne (sjoch: http://www.3ts.nl/index.php/oersjoch-3ts-skoallen.html).

It fuortset ûnderwiis is safier noch net. Dizze skoallen jouwe wol allegear yn klasse ien in oere fryske les. Der binne in oantal skoallen foar meartalich fuortset ûnderwiis, dy biede dêrneist ien as mear fakken oan yn it Frysk en yn it Ingelsk.

Wat foar doel hat it no om lessen yn it Frysk te jaan?  De skoallen hawwe dêrfoar de folgende arguminten:

  1. Se slute dêrmei oan by it basisûnderwiis.
  2. Alle learlingen krije al in oere Fryske les en in fak dat je leare moat je ek brûke.
  3. Meartalich fuortset ûnderwiis soarget foar in bettere taalfeardichheid.
  4. Sa'n 85 prosint fan de learlingen bliuwt letter yn Fryslân en siket  hjir wurk. Wa't it Frysk behearsket hat by sollisitaasjes in streepke foar. By de oerheid (provinsje en gemeente) wurdt dat foaral op priis stelt en dêr gean se hieltyd mear oer op it Frysk. Tink mar oan fryske strjit- en plaknammen.

De skoallen dy't it fak skiednis yn it Frysk jouwe, brûke de fryske skiednis metoade Memo. De Nederlânske fersy fan dy metoade wurdt op in protte skoallen foar fuortset ûnderwiis brûkt. By dy Nederlânske metoade is digitaal lesmateriaal te krijen. Dat wie der foar de Fryske metoade net en dêrom is dizze website makke. De metoade Memo yn it Frysk is skreaun foar it havo/vwo. Dizze site is makke foar mavo-learlingen.

De site brûkt de yndieling yn tsien tiidrekken as kapstok. Dêrûnder stean yn gronologyske folchoarder de ûnderwurpen.  De algemiene skiednis wurdt beskreaun mei foarbylden út de Fryske skiednis. De algemiene, de Nederlânske en de Fryske skiednis wurde sa ynmekoar skood.

Dizze site is net spesjaal foar de metoade Memo skreaun. Hy kin ek brûkt wurde njonken oare skiednismetoaden sa as de Nederlânske metoade Geschiedeniswerkplaats. In protte ûnderwerpen binne ek geskikt foar de heechste groepen fan de basisskoallen. De leskes kinne ek op in ipad brûkt wurde, allinne de matching oefeningen wurkje dan net.

Under de knop download steane de powerpoints. Dy kinne brûkt wurde op it digiboard. Wa't wol kin se downloade en oanpasse foar eigen gebrûk. De sheets fan de powerpoints steane as ôfbyldingen op de site. In learling kin se dêr nochris lêze. Wat der by ferteld is stiet foar in part ûnder de sheets.

De ynfolleskes, mearkarleskes en puzzels en sa binne makke mei it programma hotpotatoes. Wa't ek sokke leskes meitsje wol, of de leskes oanpasse wol, kin dat fergees op it ynternet downloade. Sjoch: http://hotpot.klascement.net/

De brûkte ôfbyldingen en foto's binne foar in part fan mysels, komme fan it ynternet, komme út de fryske metoade Memo dy't troch de AFUK útjûn wurdt en binne oernommen út boarnen wêrfan ik tink dat der gjin kopijrjocht mear op sit. Mocht it sa wêze dat ik fan immen in foto brûkt haw, wêr't noch wol kopijrjocht op sit, dan hear ik dat graach. Dy foto of ôfbylding sil dan troch my ferwidere wurde.

Dizze website is mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân.

Alles wat hjir stiet is mei soarch skreaun. Dochs is it mooglik dat der earne flaters makke binne en dêrom is it gebrûk foar eigen risiko. Wa't in korreksje troch jaan wol, of in reaksje, kin in e-mail skriuwe nei: This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.

Meteowebsites:

  1. radarbilden sat24
  2. windfinder
  3. Omrop Fryslân: it waar

 

 
Hjirûnder de mjitgegevens fan station Ljouwert. De gegevens wurde eltse 5 minuten ferfarske.