1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze fragen

Dia1

Dit is in ôfbylding fan Bonifatius, makke is yn 975 nei Kristus yn it kleaster Fulda yn Dútslân.

Dia2

Nei it ein fan it Romeinske ryk waard West-Europa wer in lânboumaatskippij.  Sa om ende by 800 wie Karel de Grutte keizer oer in grut ryk. Op de ôfbylding hjirboppe stiet Karel de Grutte yn Aken. It is in tekening fan Isings, de bekende tekener fan skoalleplaten. Yn Aken hold Karel elk jier syn Ryksdei. Foar Karel stiet in keningsboade. Sokke boaden moasten de boadskippen fan de keizer nei alle úthoeken fan syn grutte Frankyske ryk bringe. It ryk wie sa grut as fan Fryslân oant Spanje en fan Frankryk oant yn Dútslân.

Dia3

Dia4

Dit is it Forum Romanum in 600 nei Kristus. Ienris wie dit it sintrum fan it Romeinske ryk. No is it in ruïne. Hjir ha yn de bloeitiid fan it Romeinske ryk mear as in miljoen minsken wenne, yn 600 wenje der noch mar in pear tûzen minsken. De keizer is fuort en it West-Romeinske ryk bestiet net mear.
Dia5

Op it kaartsje sjochst de folksferhuzings yn de fjirde en fiifde iuw. Angelen en Saksen komme yn it gebiet fan de Friezen en in protte Friezen lûke mei har fjirder nei bygelyks Ingelân (Angelân=Engeland).  Us talen lykje ek wol wat opinoar, sa sizze we wol: 'Bûter brea en griene tsiis is goed Ingels en goed Fries'.

De Franken stichtsje Frankryk, de Goaten Spanje en de Fandalen nimme Rome yn. De Fandalen hawwe dêrtroch net sa'n bêste namme krigen, tink mar oan it wurd fandalisme. Ik wie ris op in camping en doe stie der by de yngong op in grut board: "Jan van Daal is gisteren gearriveerd. In de washokken zijn spiegels en wasbakken vernield.'

De Romeinske legers koene dy ynfallen fan de Germanen net tsjinhâlde. Diken en brêgen dy't de Romeinen boud hienen, waarden net mear ûnderhâlden en in soad stêden waarden plundere. Jordanis, in East-Romeinske skriuwer, skriuwt yn sawat 550 nei Kristus oer de Goaten:

'Yn it noarden leit Skandinavië, in grut eilân. Yn de noardlike streken moat it simmers fjirtich dagen lang oanienwei ljocht wêze. Yn de winter binne der likefolle dagen en nachten sûnder sinneskyn. Der wenje in soad ferskillende folken, dêrûnder de goaten. It binne wylde en striidlustige minsken. Se wenje krekt as wylde bisten yn úthoude grotten.'

 

De folken fan de folksferhuzing hienen net sa'n fier ûntwikkele kultuer as de Romeinen. Ek yn ús lân feroaren bloeiende grutte stêden sa as Nijmegen (oait 6000 ynwenners), Maastricht en Utert yn doarpen. It jild ferdwûn en de hannel waard hieltyd minder.

De feroaringen omtrint 500 nei Kristus binne sa grut dat we oer in nije perioade yn de skiednis prate, de midsiuwen. Dy perioade ferdiele we yn twa tiidrekken, de tiid fan muontsen en ridders en de tiid fan stinzen en steaten.   

Dia6

  1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze fragen

Dia7

Kinsto sûnder jild en sûnder dyn mobyl? Op in nacht waard myn soan berôve fan syn mobyl en syn jild. It wie yn Barcelona. Twa mannen rûnen op him ta, ien pakte him beet en knypte him de kiel ticht en de oare besocht om alles út syn bûsen te pakken. Doe't er wer wat bykaam wienen de dieven der mei de bút útpike. Dêr stie er, sûnder jild en sûnder tillefoan. Doe't er it ús fertelde, sei er: 'Sûnder jild en sûnder tillefoan bestiest net mear. Dyn maten kinst net belje, de taksy nimt dy net mei en de plysjes leaut dy earst net iens.'

Dia8

Yn de tiid fan de muontsen en ridders wie der hast gjin jild en fan in mobyltsje dreamden se noch net iens. De minsken libben wer yn in lânboumaatskippij. Der wie hast gjin hannel mear en jild waard net folle mear brûkt. Hast alle minsken wienen boer en wennen op in domein.

Doe't de Romeinen fuort wienen waarden de minsken ek net mear beskerme tsjin rôvers. Se sochten doe beskerming by in rike en machtige boer yn 'e buert. Dy liet in fersterke pleats bouwe. Sa'n hearepleats wie it begjin fan de lettere stins. Yn ruil foar beskerming moasten de boeren harren grûn oan dy machtige boer jaan. Dy boer krige der sa, neist syn eigen lân, in stik lân by dêr't boeren wennen dy't hy beskermje moast. Hy waard hear fan in domein.  Dat wurdt komt fan domus en dat is Latyn foar wenhûs.

Dia9

Dia10

Sa'n domein wie it wenplak (gebiet) fan in domeinhear. Sa'n hear koe in machtige boer as in abt fan in kleaster wêze. It lân fan in domein wie yn stikken ferdield. In part wie foar de domeinhear en in oar part mochten de hearrige (ôfhinklike) boeren brûke. De pacht betellen se troch neist it wurk op har eigen lân ek ien as twa dagen yn de wike te wurkjen op it lân fan de hear. Se moasten ek in diel fan de opbringst fan it lân en fan it fee betelje. Se betellen yn natuera, want der kaam gjin jild oan te pas.

Dia11

De boeren hienen net folle frijheid. It wienen hearrige (horige) boeren, se hearden by it domein en se mochten it domein net ferlitte sûnder tastimming fan har hear. Se mochten ek net trouwe sûnder syn tastimming.

Dia12

De boeren hienen rjocht op beskerming. Hjirûnder stiet wat se allegear dwaan moasten foar dy beskerming:

Yn juny moasten de boeren it gers meane, opsteapelje en nei it hûs fan de hear bringe. Yn Augustus moasten se nôt (graan) fan it kleaster rispje (oogsten) en ynhelje. Har eigen nôt lei yntusken noch foar waar en wyn op it lân. De deis fan it feest fan de berte fan de Hillige Faam (bertedei Maria) moast de boer belêsting oer syn bargen betelje. Fan elke acht bargen dy't er hie , moat er ien baarch oan syn hear ôfstean. Mei krysttiid levere er syn hear hearlik en goed fûgelguod.  Op Palmsnein betelle er de 'skieppeplicht'. Mei Peaske moast er ploegje, siedzje en eidzje (eggen). Wannear't der boud wurde, moast er stiennen bringe en de mitselers helpe. Hy moast ek hout foar it kleaster helje foar twa pinnings deis. Hy moast syn nôt mealle by de mûne fan de hear en bôle bakke litte yn de oven fan de hear.  (Frij oernaam út: Conte de Vilains de Verson).

 

Dia13

Soms wienen der ek noch in pear frije boeren. Dy hienen eigen lân en hoechden net op it lân fan de domeinhear te wurkjen. Sy moasten wol belêsting betelje en meifjochtsje yn it leger.

Sa'n domein soarge hielendal foar himsels. Dat hjit autarky en dat betsjut dat alles wat de minsken yn it domein nedich hienen,  troch harren sels makke waard. Der wie net folle kontakt mei oare domeinen.

  1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze fragen

Dia20

Dia21

Yn it skiednislokaal fan De Saad hinget in klok dy't makke is fan in stik hout út it Driezumer bosk. Sa'n tritich jier lyn kaam ik dêr faak om yn it bosk te draven. Op in dei wie de túnman dwaande om in beam yn stikken te seagjen. Ik krige doe in stik as wat fan dy moaie rûne skiven hout mei nei hûs. Ien dêrfan ha ik skaafd en lakt sadatst de jierringen folle better sjen kinst. Der sitte in protte jierringen op, it moat dus in âlde beam west ha doe't er omseage is. Ast better sjochst, dan sjochst tsjokke (dikke) en tinne jierringen. Dat seit wat oer it waar. At it  yn in jier in protte reind hat, dan krigest in tsjokke jierring. Sa krigest in ôfwikseling  fan tsjokke en tinne jierringen op in rige. It is krekt as mei de streepkeskoade op de dingen dy'tst yn de winkel keapest. Sa'n koade seit dy niks, mar de scanner fan de kassa sjocht sa wat foar produkt it is en wat de priis is. Eltse koade is oars en dat is mei de ôfwikseling fan jierringen ek sa. Oan de hân fan jierringen yn in stik hout kinne argeologen sjen hoe âld it stik hout is en wêr't it stik hout kapt is.

Dia22

Hjir sjochst in foto fan in skip dat fûn is by Utert. It skip is sa'n 18 meter lang en hast 4 meter breed. It koe sa'n 10 ton lading meinimme. Oan de hân fan de jierringen witte wy no dat it skip boud is fan beammen út de buert fan Utert út ûngefear 1000 nei Kristus. It liket wol wat op in skip fan de Noarmannen, mar soe it ek in Frysk skip wêze kinne? Om dy fraach wat  better beäntwurdzje te kinnen, moast wat mear fan de Fryske hannel nei de tiid fan de Romeinen witte. 

Dia23

Yn 450 nei Kristus lutsen de Romeinen harren werom efter de Alpen. De Romeinske diken en sa waarden net mear ûnderholden. It ferfier gie tenei oer it wetter. De Friezen op de terpen hannelen mei oare folken. Sels hienen se fleis, bûter en tsiis genôch, mar weet (tarwe), dêr't se bôle fan bakten, moast ynfierd wurde. De Friezen gongen de see en de rivieren op. It waarden de keapfarders fan Noardeast Europa. 

Dia24

De Noardsee waard fan 450 oant 900 nei Kristus de Mare Frisicum (Fryske See) neamd.  Der wienen ek Friezen dy't yn oare plakken wenje gongen. Der ûntstienen Fryske koloanjes yn Ingelân, Denemarken en Sweden en ek lâns de Ryn oant foarby Keulen.

Dia25

Yn Doarestêd wennen yn de tiid fan Karel de Grutte sawol Friezen as Franken en de stêd hearde soms by Fryslân en dan wer by it Frankyske ryk.

Dia26

Dia27

Dia28

Nei de dea fan Karel de Grutte wie der gjin sterk gesach mear. Noarmannen koenen frij maklik ynfallen yn dizze gebieten dwaan en wêrom soenen se foar dingen betelje at se dy ek maklik stelle koenen. Yn dy tiid is Doarestêd in pear kear plundere troch de Noarmannen. Letter bleau der fan Doarestêd net folle mear oer. Dat kaam net allinne troch de ynfallen fan de Noarmannen mar  ek om't de stêd hieltyd fierder fan it wetter ôfrekke. De hannel ferskode nei oare plakken, foaral nei de Súdersee. Plakken as Starum, Kampen en Deventer waarden doe  wichtich foar de hannel.

Dia29

 

 

  1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze fragen

Dia14

Yn de tiid fan muontsen en ridders wie der gjin jildekonomy. It leger bestie foar in grut part út ruters, mar dy waarden net mei jild betelle. Hoe koe keizer Karel de Grutte syn lân bestjoere sûnder jild foar syn amtners en soldaten?

Nei it jier 800 woe Karel de Saksen yn Dútslân ferslaan. Hjirûnder stiet de brief dy't keizer Karel oan de abt fan it kleaster St Denis by Parys skreaun hat.

Wy meitsje jo bekend dat wy ús algemiene gearkomste (vergadering) dit jier by de rivier de Bode, by it plak Stassfurt hâlde. Wy drage jo op om nei dat plak te kommen. Kom mei al jo mannen en soargje dat se goed bewapene en taret (voorbereid) binne.  Soargje derfoar dat jo dêr op de fyftjinde fan de moanne july binne. Jo en jo mannen moatte yn steat wêze om dêrnei daliks fierder te reizgjen nei it plak dêr't wy jo dan hinne stjoere.

 

Dia15

Karel de Grutte hat hiel wat ôffochten foar in grut en sterk Frankysk ryk. Dêrfoar hie hy tûzenen striders nedich. Om de soldaten te beteljen makke hy gebrûk fan it lienstelsel.  Lienmannen, dat wurde ek wol fazallen neamd,  krigen stikken lân yn lien. De hearrige boeren dy't der wennen krigen de lienmannen derby. Se koene libje fan de opbringsten fan dat stik lân. Lienmannen mei in grut stik lân, lienden wer in stik dêrfan út oan efterlienmannen. Dit systeem neame we it lienstelsel. It wurdt ek wol feodalisme neamd, dat komt fan it wurd feodum en dat is Latyn foar liene.

Dia16

At sa'n lienman dea gie dan folge syn soan him op. Hy moast dan in eed fan trou oan syn lienhear ôflizze. Hy die dat op syn knibbels en dêrby hold hy syn hannen tusken dy fan de lienhear.

Dia17

De lienmannen en efterlienmannen waard de groep fan de befoarrjochte adel.  Sy krigen titels as greve (graaf), hartoch en baron. Sy moasten soargje foar hynders, harnassen en soldaten en at der oarloch wie moasten se de keizer helpe.  De soldaten mei in hynder waarden de ridders neamd. Sy krigen  ek wer in stik grûn yn lien en hearden by de legere adel.

Dia19

Nei Karel de Grutte kamen der lienhearen dy't minder kontrôle oer harren lienmannen hienen. De lienmannen fielden har hieltyd mear de eigner fan it gebiet en se lutsen har minder fan de lienhear oan. 

Hjirboppe sjochst in filmke dat makke is mei help fan it tapyt fan Bayeux. Dat tapyt is in wandkleed fan 70 meter lang en 50 sintimeter breed dêr't in ferhaal op burduerd is. It ferhaal liket wol in stripferhaal. It is makke yn 1068 en it giet oer de slach by Hastings yn 1066 ûnder lieding fan Willem de Feroverer (Willem de Veroveraar) út Normandië. Willem wie der op út Ingelân yn hannen te krijen, omdat it lân foar dy tiid in hege beskaving en grutte rykdom hie. Yn de ferskining fan de komeet fan Halley yn april 1066 seach hy in goed foarteken. Hy riede him goed ta en stiek mei skippen it Kanaal oer. Yn de slach by Hastings fersloech er kening Harold. 

  1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze fragen

Dia30

Dia31

Dia32

Tusken de seisde en tsiende iuw waard hiel Europa kristlik. Misjonarissen (sindelingen) hawwe doe oeral it kristendom ferspraat.
Yn 498 waard kening Clovis fan de Franken kristen. Dat wie polityk besjoen in goede set, want hy krige doe stipe (steun) fan de kristlike tsjerke en sa groeide syn ryk út ta in grut Frankysk ryk.

Yn 768 waard Karel de Grutte kening fan it Frankyske ryk. Yn 800 kroande de paus Karel ta keizer fan it Frankyske ryk. It like der in bytsje op dat it West-Romeinske keizerryk der no wer komme soe, mar nei de dea fan Karel de Grutte foel it Frankyske ryk yn stikken út elkoar.  

Dia33

Yn 690 kaam Willibrord, de lieder fan in groep Ingelske muontsen, nei kening Pepijn fan it Frankyske ryk. Hy frege oft er mei syn muontsen de Friezen wol it kristendom bringe mocht. Pepijn wie der flak foar. Kristlike Friezen soenen wierskynlik minder gau yn opstân komme tsjin de Franken. Súd-Nederlân hearde by de Franken, dat gebiet wie yn 350 ûnder de Romeinen al kristlik wurden.

Dia34

De Friezen leauden, krekt as de oare Germanen, yn Tiwaz, Wodan, Donar, Freya en it Walhalla.  Tiwaz wie de god fan de oarloch, Tiwaz wie de god fan de oarloch, Wodan fan de wiisheid, Donar fan de bliksem, Freya fan de leafde en fruchtberheid. Friezen dy't yn de striid omkamen, waarden troch walkuren nei it walhalla brocht, dêr't se bier dronken út kowehoarnen. De nammen fan de goaden komst noch tsjin yn de dagen fan de wike: Tiisdei, Woansdei, Tongersdei en Freed. 

Oflevering: Het Klokhuis oer Willibrord

Willibrord gie nei Utert en boude dêr in stiennen tsjerke. Fanút Utert waard besocht om de Friezen te kerstenjen. De Friezen dy't kristen waarden, wurden doopt yn in doopfont mei wetter. Neffens in leginde stie de Fryske kening Redbad  al mei ien foet yn it wetter om doopt te wurden, doe't er frege of hy letter, nei syn dea, syn foarâlders ek yn de himel sjen soe. 'Nee', sei de pryster. 'Dy wienen net kristlik dat dy binne net yn de himel.' Doe stapte Redbad út it wetter. Hy woe letter al mei syn foarâlden ferivige wurden.

Dia35

It bekearen fan de Friezen gie net maklik. Yn Dokkum waard yn 754 Bonifatius mei syn gefolch fan 52 man deaslein. Dochs waard hiel Europa foar it jier 1000 stadichoan kristlik. Oeral waarden tsjerken en kleasters boud. Yn Fryslân sa'n 300 tsjerken en 50 kleasters.
Yn de kleasters libben de muontsen en nonnen neffens de kleasterregels. De bekendste binne: Kleasterlingen meie net trouwe, gjin besit ha en moatte dwaan wat de abt en de paus sizze. Dizze regels binne betocht troch Benediktus, de stichter fan de kleasteroarder fan de Benediktinen. Hy hie noch folle mear regels. Hjirûnder steane in pear.

De muontsen moatte in grutte earbied foar elkoar hawwe. Sy moatte inoars swakheden mei it grutste geduld ferneare. Se moatte inoar helpe. Gjinien siket wat nuttich foar himsels is. Sy sykje nei datjinge dat nuttich is foar in oar. Yn leafde freezje se God. Sy sette neat boppe Kristus. Benammen by it opnimmen fan earme minsken moatte sy mei grutte soarch hannelje. Want mei de earme minsken ûntfange sy Kristus sels.


It âlde Germaanske leauwen ferdwûn net  hielendal. In protte dingen waarden ferminge mei it kristlik leauwen. It ferstopjen fan Peaske-aaien, Sinteklaas dy't mei in hynder oer it dak rydt, krystfeest mei ljochtsjes yn krystbeammen yn plak fan it midwinterfeest, it binne allegear oerbliuwsels fan it Germaanske leauwen.

Dia36