- Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
- Meitsje dêrnei dizze fragen
Dit is it logo fan it tiidrek fan de Griken en de Romeinen. Egypte heart by it tiidrek fan de Griken en de Romeinen. Dat is de tiid fan 3000 foar Kristus oant 500 nei Kristus. Yn it skiednisboek Memo stiet Egypte by it haadstik oer jagers en boeren. Dêrom stiet it hjir op dizze website ek by jagers en boeren.
Herodotus, in Grykske histoarikus, neamde Egypte in geskink fan de Nyl. De Nylfallei yn Egypte wie tige fruchtber en sûnder de Nyl wie Egypte ien grutte sânbak.. It wie in geunstich plak foar de lânbou.
Troch it rivierwetter en de jierlikse oerstreaming bliuw in laach fruchtber slib op it lân efter. Sawat 3000 foar Kristus feroare de lânboumaatskippij yn Egypte yn in lânboustedelike maatskippij. Der wie lânbou en der ûntstienen steden.
Troch de bloeiende lânbou groeide de befolking en ûntstie der ruilhannel yn lânbou-oerskotten. In part fan de befolking spesjalisearre him yn bepaalde ambachten. De measte minsken libben as boer op it plattelân, mar de stêd wie it sintrum fan in mear yngewikkelde ekonomy.
Leven onder de farao, deel 1 from Geschiedenisleraar.nl on Vimeo.