Perigueux is in stêd yn it súden fan Frankryk. Fanôf 40.000 foar Kristus wenje der al minsken.

Troch de jierren hinnen is it plak in bulte feroare. Wat der feroare is dat sykje jim út yn dizze les.

De klasse wurdt ferdield yn fiif groepen. Etk groepke bestiet út in sjoernalist út dizze tiid en ynwenners fan doe. 

We krije dus in groepke foar Perigueux 15.000 foar Kristus, Perigueux 3500 foar Kristus, Perigueux 200 nei Kristus, Perigueux 1900 nei Kristus en Perigueux nei it jier 2.000.

De sjoernalist giet yn in tiidmasine en giet tebek yn de tiid. Hy stapt út de tiidmasine yn it jier 15.000 foar Kristus yn Perigueux. Op it digiboard stiet de tekening fan Perigueux 15.000 foar Kristus, De sjoernalist rint op de minsken ta en begjint in gesprek. Hy freget:"Hoe libje jim? Wat foar hûzen ha jim? Hoe ha jim dy bout. Hoe komme jim oan iten. Wat foar spultsjes dogge jim. Wer bin jim bang foar. Hoe komme jim oan klean ensafuorthinne.

At it earste groepke west hat komt it twade groepke foar de klasse om it folgende stikje te spyljen.

Elk groep krijt earst in kertier de tiid om it lytse toanielstikje ta te rieden.  It mei net langer as fiif minuten duorje.