• Besjoch de dia's, lês de teksten, besjoch it filmke oer de ko en klik dêrnei op dizze fragen
Oeral yn Fryslân sjochst kij. De ko heart by Fryslân al tûzenen jierren. Yn Ljouwert stiet sels in stânbyld fan in ko en dy neame we ús mem. Sa't dy ko der út sjocht, sa moat de ideale ko der út sjen fine de Fryske boeren. It Fryske stamboekfee is oer de hiele wrâld ferneamd om de hege molkeproduksje. De ko heart by Fryslân.
De kij út de prehistoarje seagen der hiel oars út as de kij fan no. Se wienen in stik lytser en wienen ek net altyd swart wyt.
De earste minsken kamen sa om en de by 11.000 foar Kristus nei Fryslân. At se doe al Frysk praten, witte wy net, want se koenen net skriuwe. Dat hawwe se leard fan de Romeinen dy't hjir yn 50 foar Kristus kamen. De prehistoarje fan Fryslân duorret dus oant 50 foar Kristus. Dan begjint de skiednis fan it Fryske folk.
De earste bewenners wienen jagers en samlers. It klimaat wie folle kâlder as tsjintwurdich en Fryslân seach der hiel oars út. De Waadsee en de Noardsee wienen foar in grut part noch lân want troch de kâldere temperatuer yn de wrâld wie de seespegel in stik leger.
Stadichoan waard it waarmer yn de wrâld. Dêrtroch feroare it lânskip ek yn Fryslân. De seespegel stige en der kamen bosken en moerassen. Yn 5.000 foar Kristus kamen de earste boeren yn Súd-Limburch en fanôf 3400 foar Kristus fine wy ek oerbliuwsels fan de earste boeren yn Frylân.