• Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
• Meitsje dêrnei dizze fragen
Sjoch ris goed nei dizze tekening. Binne dit jagers as boeren en wêr sjochst dat oan?
Sa om en de by 10.000 foar Kristus begûnen de minsken yn it Midden-Easten mei feefokkerij en it ferbouwen fan fruit, woartels en nôt (koren).
Wy witte net krekt wêrom de minsken fan jagers boeren waarden. Wierskynlik hat dat mei in klimaatferoaring te krijen. Yn it earst oan wienen der net folle minsken en in protte iten in de natoer te finnen. Doe't der mear minsken kamen en it klimaat foar minder rein soarge doe moast de minsk him oanpasse. Troch de lânbou wie de kâns om te oerlibjen grutter.
De lânbou waard ferspraat fanút Azië,oer Europa en Afrika. De minsken krigen in hiele oare manier fan libjen. Se hienen no in fêst wenplak yn doarpen wêr't se sels har iten ferbouden. Se gongen minder faak op jacht en begûnen faker fokte kij, skiep en geiten te iten. De hûzen waarden grutter en der kamen minsken mei mear besit. Se bewarren it iten yn foarriepotten. Sa ûntstie de lânboumaatskippij. Sa'n grutte feroaring neame we in revolúsje. We neame dit de lânbourevolúsje.
De lânbou begûn yn Nederlân om 5.000 foar Kristus hinne yn Súd Limburch. Yn Fryslân en Drinte hienen hunebêdbouwers in 3.000 foar Kristus al in flink ûntwikkele kultuer.