1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze fragen

Stiennen mei in ferhaal

Dizze stien ha ik fûn yn it súden fan Frankryk. Hy lei tusken tûzenen stienen dy’t oan de râne fan it rivierke De Cèze leinen. De stien bestiet út twa helten dy’t presys op elkoar passe, krekt in puzzel. Doe’t ik der wat langer nei seach, seach ik earst ien en letter folle mear skulpkes (schelpjes) yn de stien sitten. No ja, sa liket it, want de skulpen sels sitte der net mear yn mar do sjochst allinne in ôfdruk fan skulpkes. Sokke ôfdrukken fan skulpen neame we fossilen.

Ik fûn it in bysûndere stien en dêrom leit er no yn it skiednislokaal. As’t sa'n stien fynst, dan kinst oan dy stien ferskillende fragen stelle. Hoe âld is dy stien? Skulpdierkes libje yn see en dochs ha ik dy stien fûn yn Súd-Frankryk, in ein boppe de seespegel.

Der leit yn it lokaal noch in lyts stientsje. Dy komt út Chérves ek yn Súd-Frankryk en dy is 160 jier miljoen âld, teminsten dat sizze se. Hoe âld at myn stien is, dat wit ik net krekt mar dy moat ek hiel âld wêze. Yn elts gefal út de tiid dat dat stik fan Süd-Frankryk noch see wie. Dizze stien fertelt dat de kaart fan de wrâld der froeger hiel oars útsjoen hat. Sjoch ek mar ris nei Amearika en Afrika. Dat lykje ek krekt twa puzzelstikken dy’t oait tsjin mekoar oan lein hawwe.

Hjir sjochst de stien fan Geldrop. Dizze stien moat 11.000 jier âld wêze. Der stiet wat op tekene. Sjoch ris goed. Is it in jonge of in famke? Wat docht dy persoan op dy stien? It liket wol oft der in famke op de stien oan it dûnsjen is. Wa makket no sa’n stien mei derop in dûnsjend famke? Wat tinkst? Soe it troch in man as troch in frou makke wêze.


Tonny Vos is de skriuwster fan it boek: Van rendierjager tot roofridder (Amsterdam 1983). Sy hat dy stien ek besjoen en se betocht der it folgende ferhaal by.


Ena en Orf sitte oan de râne fan de mar. Orf hellet in platte stien út syn bûse, wêrmei hy de kommende simmer syn pylkpunten skerp meitsje sil. Sa'n stien is in hiel wichtig stik ark foar eltse man. Folle fan syn maten hawwe dêrom in lytse tekening fan in rindierkop of rindierhoarnen op de stien tekene.
Op Orf syn stien stie noch neat. Mei in stikje fjoerstien begjint hy in tekening te krassen op de stien. Yn it ljocht fan de moanne sjocht Ena fernuvere nei it figuer dy't Orf tekent, in famke.
In skoftke sjocht Ena swijend nei hoe't it figuerke hieltyd dúdliker wurdt. Dan in iens begrypt se wat hy tekent. 'Orf dat bin ik! Dat bin ik by it dânsjen fan de rindierdâns!' "Wat goed,' seit se. Ík wist net datst do dat koest, Orf!'
Wylst hy de tekening ôfmakket, seit Orf lilk: 'Dyn heit fynt my te min. By de folgende offerfeesten sil ik him mear rindierfellen sjen litte dan ien man oait yn ien jacht sammele hat. Dan moat hy syn belofte wol neikomme.'
'Natuerlik,'seit sy. Do bist de bêste jager fan de groep. En ik beloof dy dat ik op dy wachtsje sil.

Miskien hast do ek wol ris wat fûn yn de grûn. Miskien kinst dat meinimme nei skoalle en ús der wat oer fertelle.