• Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
• Meitsje dêrnei dizze fragen
By skiednis wolle wy útsykje hoe 't de minsken froeger libben en hoe't de wrâld fan no ûntstien is. Mei kennis fan it ferline kinst in ferklearring jaan oer dingen yn it no en do kinst dingen yn de takomst better begripe.
Yn 6000 f. Kr. wennen der jagers yn hutten yn Burgum. Yn Archeon, in museum by Alphen oan de Rijn, is in stientiidkamp neimakke. It is in rekonstruksje fan it kamp dat fûn is by it Burgumermar sa om en de by 6.000 foar Kristus hinne. Dêr binne grûnspoaren fûn en rigen stiennen sadat we witte hoe't de plattegrûnen fan de húzen der útseagen. De minsken libben fan de jacht, fan fiskjen en fan it sammeljen fan fruchten en planten. Dit wie wierskynlik in basiskamp. Fanút dit kamp makken se reizen nei bygelyks jachtkampen.
Filmke: http://www.schooltv.nl/no_cache/video/crid/20050614_steentijd01/
Sa'n 17000 jier lien lieten Cro-magnonminsken yn Frankryk spoaren efter yn de grot fan Lascaux. De tekeningen yn dizze grot wurden in histoaryske boarne foar argeologen.
In hiele moaie website oer Lascaux: http://www.lascaux.culture.fr/
Oer sommige fragen fan de prehistoarje kinst net maklik in antwurd fine, want de earste minsken koene noch net lêze en skriuwe. Dy perioade neame we de prehistoarje (foarskiednis). Wannear de minsken skriuwe kinne dan begjint de skiednis fan dat folk. Argeologen bestudearje opgravings. Wy kenne skreaune en net-skreaune boarnen.
In dei hat 24 oeren. In jier telt 12 moannen en 365 dagen. Tsien jier is in desennium. Hûndert jier is in ieu. Tûzen jier neame we in milennium.
Wy brûke meestal de kristlike jiertelling. We ferdiele de skiednis yn fiif perioaden en tsien tiidrekken.