De provinsje Fryslân en in protte Friezen binne foarstander fan meartalich fuortset ûnderwiis. Meartalich hâldt yn dat de learlingen yn it fuortset ûnderwiis yn trije talen de lessen oanbean krije; yn it Nederlânsk, it Frysk en it Ingelsk. Op dit stuit binne der al sa'n santich basisskoallen dy't trijetalich binne (sjoch: http://www.3ts.nl/index.php/oersjoch-3ts-skoallen.html).
It fuortset ûnderwiis is safier noch net. Dizze skoallen jouwe wol allegear yn klasse ien in oere fryske les. Der binne in oantal skoallen foar meartalich fuortset ûnderwiis, dy biede dêrneist ien as mear fakken oan yn it Frysk en yn it Ingelsk.
Wat foar doel hat it no om lessen yn it Frysk te jaan? De skoallen hawwe dêrfoar de folgende arguminten:
- Se slute dêrmei oan by it basisûnderwiis.
- Alle learlingen krije al in oere Fryske les en in fak dat je leare moat je ek brûke.
- Meartalich fuortset ûnderwiis soarget foar in bettere taalfeardichheid.
- Sa'n 85 prosint fan de learlingen bliuwt letter yn Fryslân en siket hjir wurk. Wa't it Frysk behearsket hat by sollisitaasjes in streepke foar. By de oerheid (provinsje en gemeente) wurdt dat foaral op priis stelt en dêr gean se hieltyd mear oer op it Frysk. Tink mar oan fryske strjit- en plaknammen.
De skoallen dy't it fak skiednis yn it Frysk jouwe, brûke de fryske skiednis metoade Memo. De Nederlânske fersy fan dy metoade wurdt op in protte skoallen foar fuortset ûnderwiis brûkt. By dy Nederlânske metoade is digitaal lesmateriaal te krijen. Dat wie der foar de Fryske metoade net en dêrom is dizze website makke. De metoade Memo yn it Frysk is skreaun foar it havo/vwo. Dizze site is makke foar mavo-learlingen.
De site brûkt de yndieling yn tsien tiidrekken as kapstok. Dêrûnder stean yn gronologyske folchoarder de ûnderwurpen. De algemiene skiednis wurdt beskreaun mei foarbylden út de Fryske skiednis. De algemiene, de Nederlânske en de Fryske skiednis wurde sa ynmekoar skood.
Dizze site is net spesjaal foar de metoade Memo skreaun. Hy kin ek brûkt wurde njonken oare skiednismetoaden sa as de Nederlânske metoade Geschiedeniswerkplaats. In protte ûnderwerpen binne ek geskikt foar de heechste groepen fan de basisskoallen. De leskes kinne ek op in ipad brûkt wurde, allinne de matching oefeningen wurkje dan net.
Under de knop download steane de powerpoints. Dy kinne brûkt wurde op it digiboard. Wa't wol kin se downloade en oanpasse foar eigen gebrûk. De sheets fan de powerpoints steane as ôfbyldingen op de site. In learling kin se dêr nochris lêze. Wat der by ferteld is stiet foar in part ûnder de sheets.
De ynfolleskes, mearkarleskes en puzzels en sa binne makke mei it programma hotpotatoes. Wa't ek sokke leskes meitsje wol, of de leskes oanpasse wol, kin dat fergees op it ynternet downloade. Sjoch: http://hotpot.klascement.net/
De brûkte ôfbyldingen en foto's binne foar in part fan mysels, komme fan it ynternet, komme út de fryske metoade Memo dy't troch de AFUK útjûn wurdt en binne oernommen út boarnen wêrfan ik tink dat der gjin kopijrjocht mear op sit. Mocht it sa wêze dat ik fan immen in foto brûkt haw, wêr't noch wol kopijrjocht op sit, dan hear ik dat graach. Dy foto of ôfbylding sil dan troch my ferwidere wurde.
Dizze website is mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân.
Alles wat hjir stiet is mei soarch skreaun. Dochs is it mooglik dat der earne flaters makke binne en dêrom is it gebrûk foar eigen risiko. Wa't in korreksje troch jaan wol, of in reaksje, kin in e-mail skriuwe nei: This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.