Kahoot is in kwis-programma foar it digiboerd. De fragen mei de ôfbyldingen komme op it board en de learlingen kinne antwurd jaan mei in smartphone, ipad, tablet, of computer, at dy mar ferbining hat mei it ynternet. 

De dosint giet nei de website www.getkahoot.com De earste kear moat der in fergees account oanmakke wurde. Dan kin der inlogge wurde. De kwissen foar skiednis steane ûnder public kahoots. Gean nei: public kahoots en sykje op it wurd skiednis. Klik dêr op: Jagers en boeren. De learlingen hoege gjin acoount oan te meitsjen. Dy toetse yn www.kahoot.it

De learlingen geane nei kahoot.it . Dêr toetse se de koade foar de kwis yn. Dan folle  se in namme yn en de de kwis kin begjinne.