1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze fragen

Dia89

Yn de tiid fan de muontsen en de ridders waard Noard-Europa kristlik en Spanje waard doe islamitysk. Dat gebiet hjitte Al-Andalûs. De Arabyske keaplju dy't dêr wennen hannelen sels mei Yndia en sa kamen der allegear produkten lykas sûker, sinesappels, katoen en side nei Súd-Europa. Cordoba wie de haadstêd fan Al-Andalûs. It gebiet hie in folle hegere beskaving as Noard-Europa. Yn dy tiid wie Rome in doarp wurden, wylst Cordoba doe ien fan de grutste stêden fan de wrâld wie. Yn Noard-Europa koe hast gjinien lêze en skriuwe en de minsken wennen yn houten huzen. Yn Al-Andalûs hienen se moaie stiennen huzen en biblioteken mei hûnderten boeken.

Dia90

It kristendom en de islam binne no de twa grutste godstsjinsten op de wrâld. Krekt as it joadendom en it kristendom is de islam in monoteïstyske godstsjinst. Moslims leauwe yn ien god. Yn de sande iuw ûntstie de islam yn Mekka. Mekka leit op it Arabysk skiereilân by in krúspunt fan hannelswegen. Dat gebiet waard doe bewenne troch nomadyske stammen dy’t meardere goaden oanbidden. Yn Mekka wie oait in swarte stien út de himel fallen en yn de tiid foar Mohammed waarden op dat plak offers brocht oan de goaden foar in feilige reis fan de nomaden mei harren kamelen nei bygelyks Bagdad.

Dia92

De islam is stichte troch Mohammed (570-632). Hy waard berne yn Mekka en wie karavaanhanneler fan berop. Hy reizge mei in groep hannelers op kamelen nei Egypte, Jeruzalim en Bagdad. Sa kaam hy yn kontakt mei Joaden en kristenen.

Dia91

Neffens de moslims krige Mohammed fan in ingel te hearren wat er yn de koran, de bibel fan de moslims, skriuwe moast. Mohammed sei dat de minsken yn ien god, Allah, leauwe moasten. Allah is de Arabyske namme foar God.

Dia93

Hy sei ek tsjin de minsken dat se de islam ferspriede moasten. Islam betsjut ûnderwerping oan Allah en immen dy't him bekeart ta de islam is in moslim. Moslim betsjut oerjaan oan it wiere geloof.

Elke moslim moat:

  1. lûdop de belidenis opsizze: 'Allah is de iennige god en Mohammed is syn profeet'.
  2. fiif kear deis bidde mei it gesicht rjochting Mekka
  3. earme en sike minsken helpe
  4. fêstje (vasten) yn de moanne ramadan fan sinne-opkomst oant sinne-ûndergong
  5. in beafeart meitsje nei Mekka

Yn Mekka moasten se net folle fan Mohammed syn boadskip ha en se jagen him fuort.

Dia94

Mohammed gie yn 622 nei Kristus nei Medina. Dêr krige hy in protte folgelingen. It jier 622 is no it begjin fan de islamityske kalinder. Letter kearde Mohammed mei in protte folgelingen werom nei Mekka. Mekka waard in belangrike stêd foar de moslims om't Mohammed dêr berne is en om't de Kaäba (it plak fan de hillige swarte stien dy't út de himel fallen is) dêr stiet.

Dia95

Dêrnei waard de islam ferspraat oer it hiele Arabyske skiereilân. Nei de dea fan Mohammed wreide de islam him út oer it Midden-Easten, Noard-Afrika en Spanje. It like der sels op dat de islam ek nei Frankryk oer brocht wurde soe, mar yn de slach by Poitiers fersloech Karel Martel (de pake fan Karel de Grutte) yn 732 in islamitysk leger en Europa bleau kristlik.



Dia96