1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze matchoefening

Dia74

 Your home is your castle  Thús moast  dy feilich fiele. Wannear't ien dy op strjitte ynelkoar slacht, dan wurdt hy dêrfoar straft. Wannear't  ien dy yn dyn hûs ynelkoar feecht dan wurdt er noch folle swierder straft, want 'your home is your castle', dyn hûs is as in kastiel. Do hoechst gjinien der yn te litten asto dat net wolst. Sels de plysjes net of it moat wêze dat se in hússikingsbefel by harren hawwe. Lokkich libje wy yn Fryslân yn in moaie en frij feilige provinsje. Ynbraak komt hjir minder faak foar as yn bygelyks Amsterdam. Dôchs docht eltsenien jûns foar it nei bêd gean de doar op slot, want netwinske besite is hiel ferfelend.

Ynbraak yn skoalle De Saad

 

In tal jierren lyn hawwe we op De Saad in ynbraak hân. De dieven hienen in rút stikken slein en computers stellen. De computers stienen yn in romte dy't blykber net goed befeilige wie. Neffens Visser, de direkteur fan de skoalle, wisten de dieven krekt wat se ha moasten. Se hienen ûnder oaren de splinternije computer fan de systeembehearder meinaam. Alde computers lieten se stean. De befeiliging fan de skoalle sjocht der oars behoarlik goed út. Der is in hekwurk fan twa meter heech mei dêr boppe op prikkeltried. De doarren geane op slot mei in sleutel wêr't net samar kopyen fan makke wurde kinne en yn hast alle romten sitte bewegingsdetektors. Sels it personiel kin nei skoaltiid net samar de skoalle yn, want dan moat earst it alarm útset wurde. Op it hek fan de skoalle stiet: Dit gebouw heeft camerabewaking.   'Troch al dy dingen wurdt de skoalle der net kreazer op', seit Visser, 'mar spitigernôch binne se nedich.'  

 

Feanwâlden 900

 

In boeregesin yn Feanwâlden krige koartlyn in ferfelende besite. Mannen op hynders kamen samar op it hiem fan boer Siardus. Se stellen alles wat se brûke koenen. It hiele gesin fan Siardus wie op dat momint oan it wurk op it lân. Neffens de boer wisten de oerfallers krekt wat se ha moasten. In splinternij halsjok (halsjuk) namen se mei, wylst se de âlde bannen dy't de oksen froeger om de hals hienen, lizze lieten. Yn Feanwâlden wie de oerfal it praat fan de dei. Boer Idsenga, de rykste boer mei it measte lân, wachte net langer ôf. Hy makke in grêft rûnom syn buorkerij. De modder út de grêft liet hy as in beskermwâl  om de buorkerij hinne lizze, wol twa meter heech. Dêr boppe-op komt neffens Idsenga ek noch in hiele rige puntige peallen. 'Ik lit ek noch in hege houten toer bouwe dêr't eltse dei ien fan ús op wacht stiet om heech fan de toer te blazen at der ûnried is.  'Al dy dingen meitsje de buorkerij net kreazer', sa seit Idsenge, 'mar spitigernôch binne se nedich.'

 

 

De dieders fan de ynbraak op De Saad binne pakt en de fersekering hat de skea betelle. Dat gie eartiids faak oars. Der ha tiden west dat de minsken harren ûnfeilich fielden. Soms gie in hiele binde út rôvjen. De kâns dat se pakt waarden wie doe mar lyts.

Skiednis is it ferhaal fan hoe't minsken problemen oplosse. Wat kinst allegear dwaan om it foar ynbrekkers sa dreech mooglik te meitsjen. Hoe't rike minsken dat eartiids yn Fryslân dienen, dat learst yn dizze les. We geane dêrfoar nei de Skierstins yn Feanwâlden (mei muorren fan in meter tsjok) en nei oare âlde stiennen huzen dy't hjir eartiids stienen.

Dia75

It wurd stins komt fan stien. Yn de Midsiuwen, de perioade fan 500 oant 1500, wennen de minsken yn houten huzen.  Allinne rike minsken brûkten stiennen foar harren hûs en ek de tsjerken waarden fan stien boud. Dy stiennen dy kochten se fan Klaarkamp, want sa ast al wist hienen se dêr it bakken fan stiennen útfûn. De klaai hellen se út de Klaarkampstermar. Foar it bakken wie ek fean (turf) nedich en dat hellen se út Feanwâlden.

Tekening út de 19e ieu fan de Skierstins

De Skierstins hjitte neffens in oarkonde út 1436 earst: Idszengha gude’ en heet nu itta Schiera Monnika huse int Johanniswald’

 

 

Yn 1596 lêze we: ‘seeckere huijsinge ofte stins voormaels behoort hebbende onder den gewesen convente Claercamp staende in den dorpe Feenwolden genaempt claercamper schierstins mette oock d’eijgendum vande gracht ende het geboomte ende plantagie buijten opte cant ofte wal staende’

 

 

Fan stins nei state

  Houten toer ± 900 nei Kr.

Rûnom it jier tûzen wie it in ûnrêstige tiid. Der wie gjin kening mei in sterk gesach dy't foar de feilichheid fan de minsken soargje koe.  

 

Op de ôfbylding sjochst dat in gesin in tal maatregels naam hat om harren sels te beskermjen. 

 

 Stins ± 1100 nei Kr.

In houten toer is brângefaarlik. In stiennen toer is dêrom in enoarme ferbettering. 'Stins' betsjut stiennen toer. De muorren fan in stins binne wol in meter tsjok en der sitte lytse rútsjes yn, dat binne sjitgatten wêrtroch't immen maklik fan binnen nei bûten sjitte kin en lêstich fan bûten nei binnen. 

 

Dia76

 Oergang nei state ± 1200 nei Kr.

Hjir sjochst dat de ûntwikkeling net stil stien hat. De pakesizzer fan Idsenga hat goed buorke. Hy is al lang gjin boer mear. Hy heart no by de adel en wannear't hy jild oer hat, dan ynvestearret er dat yn de befeiliging fan syn kastiel.

De boeren út de omkriten beskermet er ek, mar yn ruil foar beskerming moatte sy wol foar him op syn lân arbeidzje. 

 

Dia77

 State ± 1300 nei Kr.

Dit is al in kompleet kastiel. Nei it jier 1300 waard yn Europa buskrûd brûkt. By de lettere ferbouwingen ferdwûnen de stiennen tuorren. Dy wienen net bestân tsjin it buskrûd. Wat der oerbleau wie in state (in lânhûs as kastiel).  

 

Dia78

Dia79

Yn Fryslân is mar ien sa'n stiennen toer bewarre bleaun: de Skierstins yn Feanwâlden.

kaart Schotanus 1718

Skierstins 

Op dizze kaart stiet mei in pylk oanjûn wêr't de Skierstins stie. Fierder fertelt de kaart ús dat der noch folle woaste (woeste) grûn rûnom Feanwâlden wie en mar in bytsje boulân. De Skierstins tankt syn namme oan de skiere muontsen fan Klaarkamp dy't yn sawat 1400 de nije eigners fan de stins waarden. De muontsen hellen fean (turf) út Feanwâlden en dat ferfierden se fia de Skiersleat nei it kleaster.

Oant 1500 wie de Skierstins eigendom fan de muontsen. Yn 1580 waard Fryslân fan katolyk protestant. Alle besittingen fan de kleasters waarden eigendom fan it bestjoer fan Fryslân. De kleasters waarden sloopt mar gelokkich waard de Skierstins net ôfbrutsen mar ferkocht.

Op it stuit is de Skierstins eigendom fan de gemeente Dantumadiel. Hy is restaurearre en wurdt tsjintwurdich brûkt as eksposysjeromte.

Dia81

Dia82

States yn Dantumadiel: it opkommen en de ûndergong

Troch it buskrûd waarden der in protte stinzen wei, mar de measte states bleauwen noch hûnderten jierren stean. Op âlde kaarten fan Dantumadiel sjochst se noch lizzen. Klik mar ris op dizze kaart fan Schotanus út 1718. Dêr hjitte de states Edele Staten. Sykje se allegear mar ris op. Hoefolle telst do der?

Fan in pear fan dy states sjochst hjirûnder in ôfbylding mei twa berjochten: it earste is in tekst wêryn't de state yn de Midsiuwen neamd wurdt en yn it twadde berjocht dêr stiet yn wannear't de state ôfbrutsen of te keap oanbean wurdt.

Dia83

Tjaarda state (Rinsumageast 1723)

1. Yn in oarkonde fan 1421 wurdt Sydze Thiarda ‘upter Gaest’ neamd.  Hy wie grietman (boargemaster) fan Dantumadiel.

2. De Ljouwerter Krante 1 oktober 1835 skriuwt: 'By it ôfbrekken fan Tjaardastate waard in kistje fûn dat yn in muorre ynmitsele wie. Yn it kistje sieten de wapenstimpels fan de lêste leden fan it laach Hermana.'

Dia84

Dia85

Melkema state yn Rinsumageast, tekene yn 1723

1. Yn 1439 krijt Thieppka Sceltama van Juwe Bockama de Melkema State te Rinsumageast.

2. Yn de Ljouwerter Krante fan 26 jannewaris 1754 stiet: 'Te koop Melkemastate met grote plantage te Rinsumageest, begerechtigt met een dubbele bank in de kerk aldaar.'  Op 22 maaie 1754 stiet der yn de krante: 'Melkema State te Rinsumageest op afbraak verkocht.'

Dia86

Eijsinga State (Rinsumageast)

1. Yn 1421 wurdt der skreaun oer Eijsinga State. Feije Asinga skinkt dan in stik lân oan it kleaster Genezareth. Yn 1431 wurdt er Feije Eijsingha neamd en dan docht er in skinking oan it kleaster Klaarkamp, ‘om de zaligheid’ van hemzelf en een paar familieleden te ontvangen.'

2. Ljouwerter Krante lit op 10 desimber witte: 'Te koop: Eyssinga-State te Rinsumageest met tuinen en bossen en 90 pondematen grond.' Op 7 april 1805 is ek dizze state ôfbrutsen: 'Te koop grote afbraak van Eijsinga-State waaronder 30.000 stenen.'

Dia87

Rinsma State (Driezum)

1. Yn de belêstingsboeken fan 1511 komt ‘Peter op Rinsma guedd’ foar. Hy moat belêsting betelje foar 29 pûnsmiet feangrûn, 10 pûnsmiet siedlân en 31 pûnsmiet gerslân.

2. Rinsma State is yn 2013 ferkocht oan in Rus.

Dia88

Grêften en tsjokke muorren binne tsjintwurdich net mear sa wichtich om ynbraak foar te kommen. Wy beskermje ús computer mei in firewall; ús auto mei in alarmsysteem en in startûnderbrekker en sa binne der noch folle mear manieren. Besykje mar ris in list te meitsjen fan dingen dy't wy dogge om ús tsjin ynkringers te beskermjen.