1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze fragen
  3. Enkête foar klasse 1 https://nl.surveymonkey.com/s/XGPG7QM
  4. Toets 1 oant en mei 8

Dia63

 Miskien hast de film: 'Kruistocht in spijkerbroek' wol sjoen. Dy film is makke nei it ferneamde boek fan Thea Beckman oer de bernekrústocht. Yn dat ferhaal giet Dolf yn in tiidmasine werom nei de midsiuwen. Hy giet mei in groep mei fan 20.000 bern dy't yn it jier 1212 meidogge oan de bernekrústocht. Underweis nei Jeruzalim belibje se spannende aventoeren.

Tiidmasines besteane net, mar by it fak skiednis kinne we wol it ferliene bestudearje en ús ferpleatse yn de minsken dy't doe libben. Ek út Fryslân hawwe minsken meidien oan in krústocht. Soest do ast doe libbe hiest ek mei gien wêze?

Eartiids hearde eltsenien by de tsjerke. De tsjerke stie yn it sintrum fan it doarp en spile in sintrale rol yn it libben fan de minsken. Yn dit haadstik gean we werom yn de tiid nei de Midsiuwen. We sille it ha oer de fiifde krústocht en oer de ynfloed fan al dy 300 midsiuwske tsjerken dy't, foar it grutste part, no noch yn Fryslân stean.

Dia64

De fiifde krústocht: 1218 - 1221  Yn de tiid fan de krústochten kaam Olivier fan Keulen yn 1214 nei Dokkum. Hy hold in pear dagen ta yn Klaarkamp. Hy hold in preek yn 'e iepen loft dêr't in protte minsken op ôfkamen. Hy sei dat de Friezen meidwaan moasten oan de fiifde krústocht. 'God wol it', rôp er. De Friezen moasten Jeruzalim en Palestina feroverje op de Arabieren. Under syn ferhaal mienden in protte minsken sels swevende krusen yn 'e loft te sjen. De Friezen waarden sa entûsjast makke dat se mei 80 skippen dielnamen oan dizze krústocht. Krekt as yn de film: 'Kruistocht in spijkerbroek', wie it net in maklike tocht. Uteinlik waard yn 1219  Damiate, in stêd yn Egypte, ynnaam.

Op de ôfbylding sjochst hoe't de Friezen de stêd ynnommen hawwe. Op harren skippen bouden se in hege toer. Damiate telde 60.000 ynwenners. Fyftichtûzen minsken waarden fermoarde en de stêd waard plundere. De oprôp fan Olivier fan Keulen einige yn in net sa'n kristlike moardpartij.

Dia65

Hjirboppe sjochst in kaart fan Dantumadiel út 1664. Mei reade rûntsjes haw ik oanjûn wêr't yn Dantumadiel midsiuwske tsjerken stienen. Tel mar ris hoefolle âlde tsjerken der yn de midsiuwen boud binne. De tsjerken dy'tst hjir sjochst binne allegear tusken it jier 1100 en 1400 boud. Op it kaartsje sjochst ek it kleaster Klaarkamp en by Dokkum in úthôf fan it nonnekleaster Nijewier.  

Dia66

Op in kaart, tekene troch Jacob fan Deventer yn 1562, sjochst Dokkum en rjochtsûnder in terp mei dêrop de Sionsberch. Safolle tsjerken en kleasters, wylst Dantumadiel doe heechút 1.500 ynwenners hie. Hiel Fryslân, mei sa'n 50.000 ynwenners hie wol trijehûndert tsjerken en fyftich kleasters. Dat wie, ferlike mei oare gebieten yn ús lân, opfallend folle. It jout oan dat de tsjerke hjir doe hiel wichtich wie. De tsjerke wie grutgrûnbesitter en hie in fiifde fan de grûn fan Fryslân yn eigendom. De tsjerke spile in wichtige rol yn it bestjoer fan Fryslân, mar ek fier bûten Fryslân.

Dia67

Dia68

Sjoch ris goed nei de tekening hjirboppe. Wat falt dy op? Wat is it wichtichste gebou? Krekt, dat is de tsjerke. It wie it iennichste stiennen gebou yn it doarp. De tsjerke naam doe in folle wichtiger plak yn dan tsjintwurdich. Oant 1580 wie Fryslân roomsk. Yn stee fan in dûmny wie der in pastoar. Hy wie wierskynlik de iennige yn it doarp dy't lêze en skriuwe koe. By de ferkeap fan in buorkerij wie hy de notaris. Wa't siik waard koe by de tsjerke help krije, want dêr hienen se ferstân fan krûden of se stjoerden de sike nei it kleaster. De kleasters hienen in sikeseal. De tsjerke en it kleaster wienen de skoalle, it sikehûs en it gemeentehûs. Alle nijs waard fia de tsjerke ferspraat. Bertes, houliken of begraffenissen, de tsjerke hie der mei te krijen. De tsjerke wie it sintrum fan it doarp. Rike famyljes waarden deryn begroeven en harren rouboerden hingje yn sommige tsjerken no noch oan de muorre.

Dia69

Midsiuwske boukeunst De tsjerke is foar in protte minsken in kompas. De midsiuwske tsjerken wiene ek letterlik in kompas. Se steane allegear east-west. Kinst by sa'n tsjerke sa sjen wat noard en wat súd is. Yn dit stik oer boukeunst besjogge we hoe't de tsjerken boud binne. We begjinne by it tsjerkje fan Jannum.

Jannum is no in tsjerkemuseum. It wie eartiids in úthôf fan it kleaster Klaarkamp. It kleaster hie dêr in protte lân. De tsjerke bestiet út it skip (it middenstik fan in tsjerke) en in koar. It koar is it rûne part fan de tsjerke. It koar is altyd oan de eastkant en de toer oan de westkant fan sa'n âlde tsjerke.

De tsjerke hat tsjokke massive muorren en lytse rûne ruten. Dy boustyl neame we romaansk. De muorren binne sa tsjok om't der faak in rûnmitsele dak op rêste moast. Letter waarden dy swiere dakken faak ferfongen troch in folle lichter houten dakkonstruksje.

Dia70

De tsjerke fan Jannum hat gjin toer. Tuorren waarden by de measte tsjerken letter boud. Ek de tsjerke fan Sibrandahûs stiet op in tekening fan it Frysk Museum sûnder toer ôfbylde.

Dia72

De earste tsjerken waarden boud fan hout. Earst nei it jier tûzen waarden houten tsjerken ferfongen troch stiennen. De âldste tsjerken yn Dantumadiel binne dy fan Rinsumageast en Dantumawâld. Dat se sa âld binne dat kinst sjen oan de stiennen dy't brûkt binne. De âldste stikken fan dy tsjerken binne fan douwestien (tufsteen) makke. Douwestien wie djoer, it waard mei de boat út it Eifelgeberchte yn Dútslân oanfierd.  Douwestiennen binne frij grutte grize stiennen.

Fan 1165 oant 1580 bakte it kleaster Klaarkamp stiennen fan Fryske klaai. Dizze stiennen wurde kleastermoppen (âlde Friezen) neamd. Dêr waarden doe tsjerken en ek de Skierstins fan boud. Hoe grutter de stiennen, hoe âlder se binne. De earste stiennen wienen like grut as de douwestiennen, mar yn de rin fan de jierren bakte it kleaster hieltyd lytsere stiennen.

Noarmannenpoarten In protte tsjerken hawwe yn de noardmuorre in lege, faak tichtmitsele, doar sitten. Dy doarren yn de noardmuorre waarden wol 'Noarmannenpoarten' neamd. Neffens âlde ferhalen moasten de minsken yn de tiid fan de Noarmannen fia dy doar, bûgjend foar de Noarmannen, de tsjerke ferlitte. Dat is in aardich ferhaal, mar it kloppet net. Doe't de Noarmannen hjir kamen, stiennen der noch gjin stiennen tsjerken yn Fryslân. Nee, dy doarren wienen foar de froulju. Yn de tsjerke moasten de famkes en de froulju oan de noardkant sitte. It noarden waard sjoen as de kant fan it kwea en it súden, mei de sinne, as de kant fan it goede. Troch Eva, dy't fan de appel iet, soe it kwea yn de wrâld kaam wêze en dêrom wie dat de kant fan de froulju. Letter, doe't der ferwaarming yn de tsjerke kaam, wie it net handich om twa aparte yngongen te hawwen. Mei dy iepen doarren tsjinoer mekoar fleach de waarmte de tsjerke út. De measte doarren yn de noardmuorre binne doe tichtmitsele.

Dia73

Dit is de tsjerke fan Moarrewâld (no in diel fan Damwâld). Boud sawat 1200 nei Kristus. Dizze tsjerke is boud fan âlde friezen. Sjochst lytse rûne ruten en rjochts in grutter puntich rút. De rûne ruten neame we romaanske ruten, dat binne de âldste ruten. It stik mei de lytse rûne ruten is it âldste stik fan de tsjerke. Rjochts is te sjen dat der in stik oanboud is mei in grutter, puntich, rut. Dat is in goatysk rút.

Oant 1580 wienen hast alle ynwenners fan Fryslân noch roomsk-katolyk. In lytse groep protestanten krige lykwols hieltyd mear ynfloed. Yn 1580, yn de tiid fan de reformaasje (herfoarming) en de opstân tsjin Spanje, besleat it bestjoer fan Fryslân fan katolyk protestant te wurden. Alle katolike tsjerken waarden herfoarme tsjerken. Kleasters wienen net mear nedich. De fyftich kleasters yn Fryslân waarden ôfbrutsen en it lân fan de kleasters waard ferkocht. It jild waard brûkt foar de oarloch tsjin Spanje en foar it bouwen fan de universiteit fan Frjentsjer dêr't ek dûmny's oplaat waarden.   

De tsjerken moasten wol wat oanpast wurde. De bylden waarden ferwidere en muorreskilderingen ferdwûnen efter in dikke laach muorreferve. De pastoar moast dûmny wurde of ôfreizgje. Inkele pastoars setten ôf, in protte waarden dûmny. Sa gongen ek de pastoars fan Muorrewâld en fan Feanwâlden oer nei de nije lear en waarden dûmny. Der wienen in pear doarpen, sa as Reahûs en Blauhûs, dêr't de befolking katolyk bliuw. Dêr steane no wer katolike tsjerken.

Wy kinne net yn in tiidmasine werom nei de Midsiuwen, mar we kinne wol leare fan de minsken út dy tiid. Hokker besluten namen se? Wienen dy besluten goed of min?

De fiifde krústocht en de bernekrústocht ferrûnen ellindich. Wat soenen wy yn harren plak dien ha? Troch ús dat ôf te freegjen  is skiednis net allinne leuk mar ek learsum.