1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze puzzel oer Klaarkamp
  3. Dizze opdracht giet oer it museum op it terrein fan Klaarkamp

Geastliken wienen yn de tiid fan muontsen en ridders hast de iennigen dy't lêze en skriuwe koene. Keningen hienen de geastliken nedich foar it bestjoer fan harren lân en dêrtroch krigen de geastliken hieltyd mear macht yn de maatskippij. Haad fan de tsjerke wie de paus fan Rome. Under him stienen de ierdsbiskoppen, dêr wer ûnder de biskoppen en dan de pastoars dy't de lieding hienen oer in doarpstsjerke.

Dia47

Neist pastoars wienen der ek muontsen (monniken) en nonnen. Dy libben ôfsûndere fan de doarpsminsken yn kleasters. Kleasters waarden belangrike sintrums fan ûnderwiis, kultuer en wittenskip. Muontsen bewarren boeken, kopiearden se en makken nije boeken. De muontsen skreaunen mei de hân op perkamint. Dat wie in hiel muontsewurk. Earst moasten fan bistefellen bledsiden makke wurden, dêr moasten dan rigels op set wurde, de inkt moast makke wurde en mei in guozzefear waarden de wurden opskreaun. Oan it begjin fan in nij stik makken de muontsen in miniatuer, in lyts skilderijke. At sa'n boek nei jierren klear wie kaam it kostbere wurk oan in keatling yn de biblioteek fan it kleaster .

Omtrint 1100 wie der in Flaamske muonts dy't meastentiids Latynske teksten oerskriuwe moast. Syn pinne die it net mear sa goed en dêrom hie d' er mei in meske, syn guozzefear wer skerp makke. Hy moast efkes besykje oft syn pinne no goed skriuwe woe.  Dus skreau er op de achterste side fan syn boek it folgende rigeltsje:

Hebban olla vogala nestas hagunnan hinase hic anda thu, wat unbidan we nu?

'Alle vogels zijn al aan het nestelen, behalve jij en ik; waar wachten we nog op?'

Dit binne wierskynlik in pear rigels út in leafdesliet fan tûzen jier lyn. It is sawat de âldste Nederlânske tekst dy't we oant no ta kenne.

Op dizze plaat foar it digiboerd (makke troch Het klokhuis) kinst fan alles ûntdekke. Klik op de ôfbylding en klik dan op de oranje fjouwerkantsjes. Ast dat dien hast besjoch dan dit filmke fan Het Klokhuis 

Der waard doe hast allinnich mar yn it Latyn skreaun. Dat liket wol wat op de sitewaasje fan it hjoeddeiske Frysk. Fryslân is twatalich mar der wurdt foaral yn it Nederlânsk skreaun. 

In de rin fan de tiid joegen in protte minsken lân oan it kleaster. Sa waarden de kleasters hieltyd machtiger. Sa'n machtich kleaster wie Klaarkamp.

Dia46

Gean foar de aardichheid op in moaie dei ris nei Sibrandahûs. Sla foar Sibrandahûs, loftsôf, rjochting Burdaard. Nei in pear hûndert meter sjochst oan de rjochterkant foar in buorkerij in hiele grutte stien. It is in oantinken oan it kleaster Klaarkamp.  

Dia48

Op dy stien stiet de Latynske spreuk fan it kleaster beitele. TERAR DUM PROSIM: Ik mei fergean at ik mar nuttich bin.

Dat liket wol abrakadabra. Wat bedoelden de muontsen hjirmei? Miskien begrypst it ast it ferhaal oer Klaarkamp lêzen hast.

Wannear'tst hjir it lân yn giest, sjoch dan ris goed yn de bermen en sleatten. Miskien sjochst noch brokstikken fan stiennen. Hjir wie froeger it grutste doarp fan Dantumadiel, Klaarkamp.

Dia49

Advertentie Leeuwarder Courant 7 mei 1858 

Terpaarde te koop van het Claarkampster klooster onder Rinsumageest voor ƒ0,35 per ton, invaart bij de Hoge Brug.

Fan 1858 oant 1941 is de terp dêr't Klaarkamp op stie ôfgroeven. De terp wie doe fjouwer en in heale meter heech. De lêste ôfgraving fan 1939 oant 1941 brocht in part fan de fûneminten oan it ljocht. It iennichste datsto no noch fine kinst binne brokstikken fan stiennen dêr't it kleaster ienris út bestie. 

 

 

Klaarkamp wie ienris it grutste doarp fan Dantumadiel. Hjir wennen froeger soms wol 600 minsken. Allinne Dokkum wie oan it ein fan de Midsiuwen grutter.

Dia50

Sa seach it terrein dêr't it kleaster op stie derút. De Klaarkampsterdyk rint dwers troch it froegere kleasterterrein. Op dit plak wie in terp mei dêr boppe-op it kleaster. Rjochts is noch wat fan in grêft te werkennen.

Op dit kaartsje sjochst de ferskillende kleasters. Klaarkamp wie it grutste en wichtichste fan Fryslân. De muontsen fan Klaarkamp hawwe wol 20 dochterkleasters stichte, sa as Bloemkamp by Boalsert, it kleaster Jeruzalim by Gerkeskleaster en it kleaster Aduard. Fierder sjochst op it kaartsje úthôven (bûtenpleatsen) lykas Jannum en de Skierstins.

It kleaster stie op in fjouwer meter hege terp mei dêrop de huzen en in soart beskermingsmuorre.  It wie fierder befeilige troch in grêft. Yn dizze omjouwing ha fjouwerhûndert jier muontsen en lekebruorren wenne. Lekebruorren binne muontsen dy't foaral hânwurk dogge. Se drage skiere pijen en dogge it wurk op de úthôven lykas de Skierstins. De kleasterregels binne foar de likebruorren minder strang as foar de muontsen.

De muontsen fan Klaarkamp hannelen yn nôt (graan), wol, hout, sâlt fleis, bûter en tsiis. Ek hannelen se yn stiennen, dy't se sels bakten. Dy stiennen neame we âlde Friezen (kleasterstiennen). Dat binne nochal grutte gielreade bakstiennen, dy't brûkt waarden foar it bouwen fan tsjerken. Foar it meitsjen fan al dy stiennen hienen de muontsen klaai nedich. Troch it ôfgraven fan dy klaai is de Klaarkampstermar ûntstien. Yn de rin fan de jierren polderen de muontsen ek hiel wat lân yn. Harren boaten gongen fia Dokkum sels nei de Eastsee en nei stêden yn Flaanderen.

Dia51

Hjirboppe sjochst it terrein fan Klaarkamp neffens in âlde kadasterkaart. De twa buorkerijen fan it kaartsje steane der no noch. Ast goed nei de kaart sjochst, dan kinst oanjaan hoe't de fearten rûnom Klaarkamp wierskynlik west ha. Ik ha mei blau oanjûn wat neffens my wetter wie. 

Dia52

Swier libben

Wêrom wurdt immen muonts? It libben fan dizze muontsen liket swier. De dei begûn moarns al hiel betiid, mei de earste fan sân koarte tsjerketsjinsten. De tsjerke wie net ferwaarme en oant it ein fan de fjirtjinde iuw siet der ek noch gjin glês yn de ruten. Nei de earste tsjinst begûn it wurk, ôfwiksele mei de oare tsjerketsjinsten; 7 tsjinsten op in dei; 7 dagen yn e wike, wike yn wike út, in libben lang. Middeis om ien oere waard der foar it earst iten. De muontsen wienen dan al oeren fan bêd.

Dia53

It wurk dienen de muontsen swijend. Dat wurk koe fan alles wêze, want der moast hiel wat dien wurde yn sa'n grut kleaster. Klaarkamp hie sa'n 4000 hektare grûn. In part dêrfan waard ferhierd oan sa'n 80 boeren en de rest waard bewurke troch it kleaster. Se wurken ek faak fanút de úthoven.  Se hellen turf út Feanwâlden, se hienen skippen, joegen les, skreaunen boeken, polderen lân yn, en gean sa mar troch.

It iene wurk wie populêrder as it oare. In muonts skreau: 'De measte muontsen hâlde mear fan hânwurk dan fan studearje'.

By muontsen tinke wy faak oan fromme bruorren dy't de hiele dei bidde en wurkje. Mar it kleasterlibben yn Klaarkamp ferrûn net altyd like rêstich. Der wienen perioaden fan bloei en fan efterútgong. By in rûzje tusken it kleaster fan Ferwert en Klaarkamp waarden fjouwer muontsen fan Klaarkamp deamakke.

Yn 1524 waard de abt fan Klaarkamp deastutsen troch in muonts. De abt ergere him oan it drankgebrûk fan de man. De muonts pykte út nei Ljouwert, mar waard finzen naam en yn Klaarkamp opsluten yn in sel dy't hast hielendal tichtmitsele wie.

De namme

De namme fan Klaarkamp wie offisjeel: 'Monasterium beate Maria de Claro Campo, kleaster fan de hillige Maria fan Klaarkamp. Hjir wennen Sistersiënzer muontsen, in kleasteroarder dy't yn Clairvaux yn Frankryk stichte wie. Clairvaux betsjut: "it ljochte fjild". Wy Friezen neamden dit kleaster gewoan Klaarkamp en de muontsen 'skiere muontsen'. Dy lêste namme kaam fan de skiere (grize) mantel dêr't de likebruorren yn rûnen (de muontsen droegen in wite pij).  Dat wurdsje skier fine wy no ek noch werom yn nammen lykas Skierstins, Skiersleat en Skiermuontseach.

'Fersekeringsbedriuw' foar no oant yn 'e himel

Wa't kleasterling waard, kaam seker yn 'e himel sei de tsjerke. Mar net eltsenien waard samar yn it kleaster talitten. Eins koenen allinne de rike minsken harren fia it kleaster fersekerje fan in plak yn de himel. Je koenen allinne mar muonts wurde nei in skinking oan it kleaster.

Yn Feanwâlden wenne yn 1372 in sekere Siardus Tiabkama en syn frou Witeka. Yn in oarkonde fan 4 juny 1372 stiet dat se in grut stik fean yn St. Johanneswâld oan God en it kleaster jouwe. As kompensaasje sille sy tenei ûnderholden wurde troch it kleaster Klaarkamp. Harren soan wurdt as skoaljonge yn Klaarkamp opnaam en harren dochter as koarsuster yn it kleaster Nazaret. De man en de frou meie oant harren dea yn Dokkum wenje yn in hûs fan it kleaster sûnder hier te beteljen. Fierder krije se bôle, bier, fleis, beanen, moal, turf en hjerring fan it kleaster. Fersoarge oant en nei harren dea. De oarkonde is skreaun troch abt Ludulphus fan Klaarkamp en foarsjoen fan it segel fan Klaarkamp.

 

Dia59

Wat is der no noch fan oer?

Ast no rûn sjochst op it plak dêr't Klaarkamp stie, dan fynst allinne noch stikken fan âlde Friezen (grutte stiennen) yn de grûn. Yn 1580, yn de 80-jierige oarloch, waard Fryslân fan katolyk protestant. It bestjoer fan Fryslân besleat dat al de kleasters ôfbrutsen wurde moasten en de grûn ferkocht.

 Muntfynst

Flak foar en yn de twadde wrâldoarloch waard it lêste stikje fan de terp fan Klaarkamp ôfgroeven. Der waard doe in kistke mei allegear gouden en sulveren munten fûn. De munten binne út de perioade 1322-1346. Yn 1350 bruts yn ús lân de pest út. In hiel besmetlike sykte. Oan dizze sykte stoar yn Europa ien tredde fan alle ynwenners. Yn Klaarkamp stoaren yn ien jier 183 ynwenners. Mooglik hat ien, sa om ende by 1350, dat kistke mei munten doe begroeven. Mar wêrom? Wat moast in muonts, dy't gjin besit ha mocht, mei safolle jild? Of wie it miskien de kas fan Klaarkamp sels? Dit binne fragen dêr't we miskien nea antwurd op krije. De gouden munten binne yn de twadde wrâldoarloch wei wurden, mar de sulveren binne der foar in grut part noch. Kinst se sjen yn it Admiraliteitshûs yn Dokkum.

Dia54

By it ôfgraven fan de terp, yn de oarloch, kamen der ek allegear stiennen foar it ljocht. Sjochst hjirûnder in part fan de fûneminten dy't yn 1942 sichtber waarden. Dit wienen de latrines, de húskes foar de muontsen. Se steane ek hjirboppe op 'e plattegrûn ûnder nûmer 17.

Alles wat op de plattegrûn swart ôfbylde is, is doe yn de grûn oantroffen. Alles wat mei wite linen ôfbylde stiet, is der sa goed as seker froeger ek west. Dat witte we frij seker want alle Sistersiënzerkleasters  waarden op deselde wize boud.

Dia57

Dia56

Dia58

Dia60

Hjir sjochst in makette fan de St. Bernardusabdij yn Aduard by de stêd Grins. Dit wie in dochterkleaster fan Klaarkamp út de tiid dat dat stik lân noch by Fryslân hearde. Fan dat kleaster is de sikeseal noch oer. Dy sikeseal docht no tsjinst as protestantske tsjerke fan Aduard.  

Yn de tsjerke hinget in hiel grut skilderij dat sjen lit hoe't de tsjerke froeger as sikeseal brûkt waard. De stiennen op de flier rinne troch op de tekening. Efter it doek steane de tsjerkebanken.

Dia61

Krekt as dy sikeseal fan Aduard, sa moatte de gebouwen fan Klaarkamp der ek út sjoen hawwe. Wannears't no op it kleasterterrein rûn rinst, dan kinst dy hast net foarstelle dat dat hjir allegear echt bard is. Sjochst der hast neat mear fan, mar troch de ferhalen, de fynsten en in bytsje fantasy kinst it kleaster wer foar dy sjen. Besykje it mar ris.

Foto's út in kompjuteranimaasje fan de Noordelijke Hogeschool yn Ljouwert

Foto's út in kompjuteranimaasje fan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert

O ja, dy spreuk: TERRAR DUM PROSIN, 'Ik mei fergean at ik mar nuttich bin'. De kleasters binne yn Fryslân allegear ferdwûn. Mar oeral yn Fryslân binne noch wol spoaren fan de muontsen te ûntdekken. Alde stikken seedyk, ynpoldere lân, âlde tsjerken, de Skierstins en gean sa mar troch. Oft it no om it ôfgraven fan fean, as it oanlizzen fan it Kleasterpaad giet, de muontsen hawwe harren nuttich makke en dat is noch oeral te sjen.

Dia62