1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze fragen

Dia37

De tiid fan de muontsen en ridders is de tiid fan 500 oant it jier 1000. Dat wie yn Europa in ûnrêstige tiid. Der waard in protte fochten.  Karel de Grutte wie doe de wichtichste foarst.

Dia38

Hy wie al sûnt 768 kening oer it Frankyske ryk. Hy hie troch oarloggen it ryk flink útwreide. Yn it noarden fersloech hy de Friezen, yn it easten de Saksen, yn it súden (Spanje) de Moren en yn Italië de Longobarden. Yn it jier 800 waard Karel de Grutte troch paus Leo III ta keizer fan it Frankyske ryk kroand.  De paus neamde him keizer en Augustus. It like der wol oft it Romeinske ryk wer weromkaam wie. 

Dia39

Dia40

Dia41

Karel hie in sterk leger mei in protte ruters. Syn ruters hienen hynsteseals (zadels) en stiichbûgels wêrtroch't se stevich op harren hynders sieten. Se beskermen harren liif mei in maljenkolder. Dat is in himd fan allegear lytse izeren rinkjes.

Karel hie net genôch jild om syn legeroanfierders te beteljen. Dêrom joech hy se stikken lân yn lien. Sa ûntstie it lienstelsel. De lienman krige fan de lienhear in stik lân yn lien. Hy bestjoerde dat stik en koe libje fan de opbringsten fan dat liende stik lân.  Yn ruil dêrfoar moast de lienman trou en steun belove oan syn lienhear. De lienmannen waarden de ealmannen (edelen). Ealmannen hienen in protte macht. Se bouden kastielen en hienen ridders dy't foar de oarde en de feilichheid fan de minsken soargje moasten.

Dia42

Karel woe it ûnderwiis, de kultuer en de wittenskip ferbetterje. Sels koe er net lêze en skriuwe, mar hy koe wol goed rekkenje en ferskillende talen prate.  Hy hie ek kontakt mei de kalyf fan Bagdad, dêr krige hy in oaljefant fan.

Dia43

Dia44

Yn syn libben reizge hy fan palts nei palts. Yn it lêst fan syn libben bleau er yn syn palts yn Aken. Dêr is hy stoarn en begroeven. Kinst syn grêfkiste en syn troan noch sjen yn de Domkatedraal  yn Aken. Nei de dea fan Karel waard syn ryk ferdield ûnder syn trije soannen. Doe naam de ferdieldheid wer ta.

Dia45

Klokhuis Karel de Grote: http://www.schooltv.nl/video/het-klokhuis-canon-karel-de-grote/#q=karel%20de%20grote