- Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
- Meitsje dêrnei dizze fragen
Yn de tiid fan muontsen en ridders wie der gjin jildekonomy. It leger bestie foar in grut part út ruters, mar dy waarden net mei jild betelle. Hoe koe keizer Karel de Grutte syn lân bestjoere sûnder jild foar syn amtners en soldaten?
Nei it jier 800 woe Karel de Saksen yn Dútslân ferslaan. Hjirûnder stiet de brief dy't keizer Karel oan de abt fan it kleaster St Denis by Parys skreaun hat.
Wy meitsje jo bekend dat wy ús algemiene gearkomste (vergadering) dit jier by de rivier de Bode, by it plak Stassfurt hâlde. Wy drage jo op om nei dat plak te kommen. Kom mei al jo mannen en soargje dat se goed bewapene en taret (voorbereid) binne. Soargje derfoar dat jo dêr op de fyftjinde fan de moanne july binne. Jo en jo mannen moatte yn steat wêze om dêrnei daliks fierder te reizgjen nei it plak dêr't wy jo dan hinne stjoere. |
Karel de Grutte hat hiel wat ôffochten foar in grut en sterk Frankysk ryk. Dêrfoar hie hy tûzenen striders nedich. Om de soldaten te beteljen makke hy gebrûk fan it lienstelsel. Lienmannen, dat wurde ek wol fazallen neamd, krigen stikken lân yn lien. De hearrige boeren dy't der wennen krigen de lienmannen derby. Se koene libje fan de opbringsten fan dat stik lân. Lienmannen mei in grut stik lân, lienden wer in stik dêrfan út oan efterlienmannen. Dit systeem neame we it lienstelsel. It wurdt ek wol feodalisme neamd, dat komt fan it wurd feodum en dat is Latyn foar liene.
At sa'n lienman dea gie dan folge syn soan him op. Hy moast dan in eed fan trou oan syn lienhear ôflizze. Hy die dat op syn knibbels en dêrby hold hy syn hannen tusken dy fan de lienhear.
De lienmannen en efterlienmannen waard de groep fan de befoarrjochte adel. Sy krigen titels as greve (graaf), hartoch en baron. Sy moasten soargje foar hynders, harnassen en soldaten en at der oarloch wie moasten se de keizer helpe. De soldaten mei in hynder waarden de ridders neamd. Sy krigen ek wer in stik grûn yn lien en hearden by de legere adel.
Nei Karel de Grutte kamen der lienhearen dy't minder kontrôle oer harren lienmannen hienen. De lienmannen fielden har hieltyd mear de eigner fan it gebiet en se lutsen har minder fan de lienhear oan.
Hjirboppe sjochst in filmke dat makke is mei help fan it tapyt fan Bayeux. Dat tapyt is in wandkleed fan 70 meter lang en 50 sintimeter breed dêr't in ferhaal op burduerd is. It ferhaal liket wol in stripferhaal. It is makke yn 1068 en it giet oer de slach by Hastings yn 1066 ûnder lieding fan Willem de Feroverer (Willem de Veroveraar) út Normandië. Willem wie der op út Ingelân yn hannen te krijen, omdat it lân foar dy tiid in hege beskaving en grutte rykdom hie. Yn de ferskining fan de komeet fan Halley yn april 1066 seach hy in goed foarteken. Hy riede him goed ta en stiek mei skippen it Kanaal oer. Yn de slach by Hastings fersloech er kening Harold.