- Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
- Meitsje dêrnei dizze fragen
Kinsto sûnder jild en sûnder dyn mobyl? Op in nacht waard myn soan berôve fan syn mobyl en syn jild. It wie yn Barcelona. Twa mannen rûnen op him ta, ien pakte him beet en knypte him de kiel ticht en de oare besocht om alles út syn bûsen te pakken. Doe't er wer wat bykaam wienen de dieven der mei de bút útpike. Dêr stie er, sûnder jild en sûnder tillefoan. Doe't er it ús fertelde, sei er: 'Sûnder jild en sûnder tillefoan bestiest net mear. Dyn maten kinst net belje, de taksy nimt dy net mei en de plysjes leaut dy earst net iens.'
Yn de tiid fan de muontsen en ridders wie der hast gjin jild en fan in mobyltsje dreamden se noch net iens. De minsken libben wer yn in lânboumaatskippij. Der wie hast gjin hannel mear en jild waard net folle mear brûkt. Hast alle minsken wienen boer en wennen op in domein.
Doe't de Romeinen fuort wienen waarden de minsken ek net mear beskerme tsjin rôvers. Se sochten doe beskerming by in rike en machtige boer yn 'e buert. Dy liet in fersterke pleats bouwe. Sa'n hearepleats wie it begjin fan de lettere stins. Yn ruil foar beskerming moasten de boeren harren grûn oan dy machtige boer jaan. Dy boer krige der sa, neist syn eigen lân, in stik lân by dêr't boeren wennen dy't hy beskermje moast. Hy waard hear fan in domein. Dat wurdt komt fan domus en dat is Latyn foar wenhûs.
Sa'n domein wie it wenplak (gebiet) fan in domeinhear. Sa'n hear koe in machtige boer as in abt fan in kleaster wêze. It lân fan in domein wie yn stikken ferdield. In part wie foar de domeinhear en in oar part mochten de hearrige (ôfhinklike) boeren brûke. De pacht betellen se troch neist it wurk op har eigen lân ek ien as twa dagen yn de wike te wurkjen op it lân fan de hear. Se moasten ek in diel fan de opbringst fan it lân en fan it fee betelje. Se betellen yn natuera, want der kaam gjin jild oan te pas.
De boeren hienen net folle frijheid. It wienen hearrige (horige) boeren, se hearden by it domein en se mochten it domein net ferlitte sûnder tastimming fan har hear. Se mochten ek net trouwe sûnder syn tastimming.
De boeren hienen rjocht op beskerming. Hjirûnder stiet wat se allegear dwaan moasten foar dy beskerming:
Yn juny moasten de boeren it gers meane, opsteapelje en nei it hûs fan de hear bringe. Yn Augustus moasten se nôt (graan) fan it kleaster rispje (oogsten) en ynhelje. Har eigen nôt lei yntusken noch foar waar en wyn op it lân. De deis fan it feest fan de berte fan de Hillige Faam (bertedei Maria) moast de boer belêsting oer syn bargen betelje. Fan elke acht bargen dy't er hie , moat er ien baarch oan syn hear ôfstean. Mei krysttiid levere er syn hear hearlik en goed fûgelguod. Op Palmsnein betelle er de 'skieppeplicht'. Mei Peaske moast er ploegje, siedzje en eidzje (eggen). Wannear't der boud wurde, moast er stiennen bringe en de mitselers helpe. Hy moast ek hout foar it kleaster helje foar twa pinnings deis. Hy moast syn nôt mealle by de mûne fan de hear en bôle bakke litte yn de oven fan de hear. (Frij oernaam út: Conte de Vilains de Verson). |
Soms wienen der ek noch in pear frije boeren. Dy hienen eigen lân en hoechden net op it lân fan de domeinhear te wurkjen. Sy moasten wol belêsting betelje en meifjochtsje yn it leger.
Sa'n domein soarge hielendal foar himsels. Dat hjit autarky en dat betsjut dat alles wat de minsken yn it domein nedich hienen, troch harren sels makke waard. Der wie net folle kontakt mei oare domeinen.