- Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
- Meitsje dêrnei dizze fragen
Dit is in ôfbylding fan Bonifatius, makke is yn 975 nei Kristus yn it kleaster Fulda yn Dútslân.
Nei it ein fan it Romeinske ryk waard West-Europa wer in lânboumaatskippij. Sa om ende by 800 wie Karel de Grutte keizer oer in grut ryk. Op de ôfbylding hjirboppe stiet Karel de Grutte yn Aken. It is in tekening fan Isings, de bekende tekener fan skoalleplaten. Yn Aken hold Karel elk jier syn Ryksdei. Foar Karel stiet in keningsboade. Sokke boaden moasten de boadskippen fan de keizer nei alle úthoeken fan syn grutte Frankyske ryk bringe. It ryk wie sa grut as fan Fryslân oant Spanje en fan Frankryk oant yn Dútslân.
Dit is it Forum Romanum in 600 nei Kristus. Ienris wie dit it sintrum fan it Romeinske ryk. No is it in ruïne. Hjir ha yn de bloeitiid fan it Romeinske ryk mear as in miljoen minsken wenne, yn 600 wenje der noch mar in pear tûzen minsken. De keizer is fuort en it West-Romeinske ryk bestiet net mear.
Op it kaartsje sjochst de folksferhuzings yn de fjirde en fiifde iuw. Angelen en Saksen komme yn it gebiet fan de Friezen en in protte Friezen lûke mei har fjirder nei bygelyks Ingelân (Angelân=Engeland). Us talen lykje ek wol wat opinoar, sa sizze we wol: 'Bûter brea en griene tsiis is goed Ingels en goed Fries'.
De Franken stichtsje Frankryk, de Goaten Spanje en de Fandalen nimme Rome yn. De Fandalen hawwe dêrtroch net sa'n bêste namme krigen, tink mar oan it wurd fandalisme. Ik wie ris op in camping en doe stie der by de yngong op in grut board: "Jan van Daal is gisteren gearriveerd. In de washokken zijn spiegels en wasbakken vernield.'
De Romeinske legers koene dy ynfallen fan de Germanen net tsjinhâlde. Diken en brêgen dy't de Romeinen boud hienen, waarden net mear ûnderhâlden en in soad stêden waarden plundere. Jordanis, in East-Romeinske skriuwer, skriuwt yn sawat 550 nei Kristus oer de Goaten:
'Yn it noarden leit Skandinavië, in grut eilân. Yn de noardlike streken moat it simmers fjirtich dagen lang oanienwei ljocht wêze. Yn de winter binne der likefolle dagen en nachten sûnder sinneskyn. Der wenje in soad ferskillende folken, dêrûnder de goaten. It binne wylde en striidlustige minsken. Se wenje krekt as wylde bisten yn úthoude grotten.' |
De folken fan de folksferhuzing hienen net sa'n fier ûntwikkele kultuer as de Romeinen. Ek yn ús lân feroaren bloeiende grutte stêden sa as Nijmegen (oait 6000 ynwenners), Maastricht en Utert yn doarpen. It jild ferdwûn en de hannel waard hieltyd minder.
De feroaringen omtrint 500 nei Kristus binne sa grut dat we oer in nije perioade yn de skiednis prate, de midsiuwen. Dy perioade ferdiele we yn twa tiidrekken, de tiid fan muontsen en ridders en de tiid fan stinzen en steaten.