1. Besjoch de dia's en meitsje dêrnei dizze fragen

Fanút ús hûs hawwe wy útsicht op de terp fan Britsum. Dat is it doarp dêr't ik opgroeid bin. Britsum hat in hege terp dy't sa om ende by 1900 nei Kristus oan alle kanten steil ôfgroeven is.Te steil en hjir en dêr ek te djip. Op ien fan dy ôfgroeven stikken is no de iisbaan.

Doe't de Weversterp yn Britsum yn 1907 ôfgroeven waard, fûnen de terpgravers op fjouwer meter djipte in tal hiel grutte bonken. Hja makken dy bonken skjin en ferkochten se foar twa gûne oan in keapman út Ljouwert. De keapman krige der yn Ljouwert alve gûne foar.

In pear dagen letter kaam professor Van Giffen nei Britsum om by de terpôfgraving te sjen. Hy hie heard fan de grutte bonken en waard tige nijsgjirrich. Hy hat de bonken ûndersocht en it die bliken dat it sawat in kompleet skelet wie fan in oerokse út ûngefear 300 nei Kristus. In oerokse is in kobistesoarte dy't letter útstoarn is. De oerokse kaam froeger yn Fryslân yn de bosken yn it wyld foar en se wienen grutter as de kij fan no en folle grutter as de kij fan doe. Dy fan Britsum wie by de rêch 150 sintimeter heech mar der binne ek oeroksebollen fûn fan 180 sintimeter heech.

De Romeinske skriuwer Tacitus skreau oer it jier 28 nei Kristus in stikje oer de Friezen en harren oksehûden: Hy skreau koartsein it folgjende:

Yn dat jier hawwe de Frisii, in folk fan oer de Rhenus (Ryn) de frede ferbrutsen troch ús hebsucht. Se moasten fan Drusus kowehûden leverje foar militêr gebrûk. Fan Olennius moasten it oeroksehûden wêze. Dizze belêsting wie te swier foar de Friezen. Doe waarden foar straf harren ikkers en kij ôfpakt en dêrnei waarden de froulju en bern fan de Friezen as slaaf ferkocht. Dêrom kamen de Friezen tsjin de Romeinen yn opstân.

 

Dy kowehûden dienen de Romeinske soldaten om de skilden hinne om de skilden wat te beskermjen. Oksehûden wienen grutter en dy sille wol geskikter west hawwe. Nei in fjildslach lutsen de Romeinen harren werom efter de Ryn en krigen se mear ynteresse foar Ingelân.

Ek de Romein Plinius hat oer de Friezen skreaun. Hy is yn it terpegebiet west en hat net sa'n hege pet op fan de kultuer fan de Friezen.

Plinius is wetter út akwadukten went en de Friezen drinke út in dobbe midden op de terp. Yn Rome hawwe se huzen mei flierferwaarming en hjir hawwe se in fjoer fan turf dat se as modder út de grûn baggerje.

De earste Friezen kamen yn ûngefear 11.000 foar Kristus nei Fryslân. Se wienen jagers en samlers. It klimaat wie folle kâlder as tsjintwurdich en Fryslân seach der hiel oars út. De Waadsee en de Noardsee wienen foar in grut part noch lân want troch de kâldere temperatuer yn de wrâld wie de seespegel in stik leger. Stadichoan waard it waarmer yn de wrâld en dêrtroch feroare it lânskip ek yn Fryslân. De seespegel stege en der kamen bosken en moerassen. Fanôf 3400 foar Kristus fine wy oerbliuwsels fan de earste boeren yn Frylân. Dy earste boeren wennen op de sângrûn fan de Wâlden en yn Gaasterlân. Dy stikken sângrûn stekke in pear meter boppe de see út. Dêr kaam de see yn dy tiid net oan ta.

Yn dy tiid like Fryslân noch hielendal net op it hjoeddeiske Fryslân. It sâlte seewetter streamde, troch eb en floed, twa kear deis fier de klaai op. Yn dit seewetter sit in bytsje slib en dat besinket wannear't it wetter by floed efkes stil stiet foar't it wer werom streamt nei de see. Sa ûntsteane hjir en dêr wat hegere gebieten. Guon fan dy hegere stikken mei fruchtbere seeklaai rinne noch mar in pear kear per jier ûnder wetter.

Wannear'tst no fan Damwâld nei Dokkum giest, dan kinst healweis rjochtsôf. Komst dan op de Koaileane, in dyk nei Wâlterswâld. Yn de terpetiid kaam it seewetter hjir oan ta. Noard fan dy dyk leit klaaigrûn en súd fan dy dyk leit de sângrûn en it fean fan de Dokkumer Wâlden,it gebiet fan Driezum oant Rinsumageast. Dêr wenje al in pear tûzen jier boeren. Dy boeren gienen simmers wol mei harren fee it seeklaai gebiet op. Soms bliuwen se dêr ek wol dagen efterinoar. Sawat 600 foar Kristus wienen der ek boeren dy't dêr op wat hegere plakken it hiele jier troch bliuwen. Meastentiids gie dat goed mar soms rûn ek dat hegere stik ûnder wetter. De boeren dy't dêr op dy fruchtbere klaai wenjen bliuwen woenen, makken in bult en bouden dêrop harren hûs. De terpetiid wie begûn.

By in picknickplak oan de Koaileane stie jierrenlang in board mei in tekst oer de grins fan klaai en wâlden. It board is no ferdwûn, mar hjirûnder kinst de tekst noch lêze.

We staan hier op de grens van Klei en Wouden van het open vlakke weide- en akkerbouwgebied van 'de Klaai' en de intiemere 'Wâlden', waar de percelen land vaak zijn omzoomd door rijen elzen en soms door een hoge houtwal. Die grens loopt van Kollum, zuid van Dokkum en oost van Leeuwarden naar het merengebied (laagveen) dat verder de scheiding vormt. 'Klaai en 'Wâlden' verschillen niet alleen in landschap maar ook in geaardheid en taal. Vroeger was de Klei het rijkst maar dat is na de tweede wereldoorlog grondig veranderd.

 

Somtiden is de see rêstich en komt it seewetter minder heech, mar der binne ek perioaden dat de see it gebiet oerstreamt. Yn sokke perioaden ferhegen de Friezen harren terpen mei soaden ('zoden') en kowedong. Yn de rin fan de tiid waarden de terpen sa no en dan ferhege.

Yn Nederlân hawwe1190 terpen west. Fryslân hie der 955 en Grinslân 235. Ek yn Noard-Dútslân wienen terpen. It terpegebiet rûn troch oant Denemarken oan ta. Yn Schleswig-Holstein is no noch in gebiet mei terpen en sûnder diken. By heech wetter rint dêr it lân ûnder. Sa ihat it froeger by ús ek west.

´De nich wil diken mot wiken´ (wa't net diken bouwe wol moat fuortgean), seit in âld Eastfrysk sprekwurd. Nei it jier tûzen waard Fryslân bedike. It begûn yn Westergoa. Op it kaartsje kinst sjen dat der hieltyd wer in stikje bedike waard. Westergoa wie it gebiet west fan de Middelsee en Eastergoa is it gebiet dat der east fan leit. Nei it jier tûzend waard ek Eastergoa bedike. Sjoch mar nei it kaartsje, mei in reade line binne de diken oanjûn dy't hjir yn 1200 nei Kr. wienen.

Ien fan dy âlde seediken rint fan Dokkum nei it Lauwersmar. Wannearst op 'e fyts fan Dokkum lâns it Dokkumerdjip nei it easten fytst, dan sjochst oan beide kanten fan it Dokkumerdjip noch stikken fan dy âlde seediken.

Doe't Fryslân bedike wie, wienen de terpen net mear nedich as beskerming tsjin de see. Oan it ein fan de njoggentjinde ieu en it begjin fan de tweintichste ieu waarden in protte terpen yn Fryslân ôfgroeven. De terpmodder waard mei skippen ferfierd nei gebieten mei sângrûn. De fruchtbere grûn fan de terpen kaam goed fan pas om de kwaliteit fan de sângrûn te ferbetterjen. Yn Dantumadiel stienen eartiids tsien terpen. Troch de terpôfgravingen is der no hast neat mear fan oer. Se binne hast allegear folslein ôfgroeven.

Hjir sjochst in foto fan de terp fan Hegebeintum. Kinst hjir hiel moai sjen hoe't de terpen ôfgroeven waarden. Mei karkes op rails waard de fruchtbere terpmodder nei de skippen brocht. Kinst ek goed sjen dat de terpen út ferskate lagen bestean. Wannear't it wetter oan de râne fan de terp ta kaam, waard it tiid om de terp te ferheegjen. Dat ferheegjen waard dien mei in skep en in kroade. Dizze terp fan Hegebeintum is, sa te sjen, minstens trije kear ferhege.

By it ôfgraven fan de terp fan Klaarkamp kamen der ferskate fynsten fan it kleaster Klaarkamp foar it ljocht. Der waarden ek bewizen fûn dat dizze terp al yn de Romeinske tiid bestie.

By dy ôfgravings waarden in protte foarwerpen fûn dy't ús wat fertelle oer it libben op de terpen. Sa witte wy bygelyks troch de fynst fan Romeinske munten yn de Driezumerterp, dat de Romeinen hjir west ha.

Driezum 1895 In arbeider is by de Driezumer terp oan it graven. It is swier wurk en it swit stiet him op de rêch. Ynienen stjit er mei syn skeppe op wat hurds. Hy spit der omhinne en hellet in klute âld izer omheech. Hy slacht de boel útinoar en sjocht dan dat it rustige munten binne. Hy poetst in pear munten skjin oan syn wurkbroek mar sjocht net dat se hiel bysûnder binne. Dan komt krekt de slachter foarby. Dy wol de munten foar in kwartsje wol ha. In kwartsje (ƒ0,25) wie doe it lean fan in pear oeren wurkjen. Sa wurdt de slachter de eigner fan 500 Romeinske munten. Hy nimt se mei nei Dokkum en krijt der ƒ40,- foar. Dêr moast in arbeider doe fiif wiken foar wurkje. Op dit stuit moatte der noch 95 fan dy munten yn it besit fan it Frysk museum wêze.

 

Ek yn de trije terpen flak by Damwâld binne Romeinske munten fûn. De munten drage ôfbyldingen fan Romeinske keizers út 238 oant 259 nei Kristus.

Opgravings terp by Wommels