- Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
- Meitsje dêrnei dizze fragen
- Meitsje de puzzel oer de Romeinen
Mei Germanen bedoele we de folken dy't in Germaanske taal sprutsen. Yn WestEuropa libben de Kelten (Galliërs) en yn Noard- en MiddenEuropa libben de Germanen. Germaanske stammen yn ús streken wienen de Friezen, Kaninefaten en de Batavieren.
Yn de earste ieu foar Kristus waard SúdNederlân in part fan it Romeinske ryk. Troch de romanisearring ûntstie hjir in lânboustedelike maatskippij. De Romeinen hannelen mei de Germanen en der ûntstienen stêden sa as Noviomagus (Nijmegen), Trajectum (Utert) en Mosae Trajectum (Maastricht). De Romeinen hâlden fan natuerlike grinzen. De Ryn waard de grins (limes) tusken de Romeinen en de Germanen. De Romeinen bouden forten en legerplakken. Sa'n legerplak neamden se in castra.
Yn de earste ieu nei Kristus begûnen de folksferhuzingen. Germaanske stammen lutsen oer de Ryn en stichten keninkriken yn it gebiet dêr't foarhinne de Romeinen de baas wienen. De Romeinen kamen sa yn kontakt mei de minder fier ûntwikkele kultuer fan de Germanen. Doe't de Germanen yn 476 Rome feroveren, einige it WestRomeinske ryk.