- Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
- Meitsje dêrnei dizze fragen
- Meitsje dizze matching oefening
Yn de provinsje Judea libben joaden mei in monoteïstyske godstsjinst, it joadendom. Yn it jier 66 kamen de Joaden yn opstân tsjin de Romeinen. De Romeinen sloegen yn it jier 70 de opstân del. Se fernielden de timpel yn Jeruzalim. De joaden waarden ferspraat oer it Romeinske ryk. Op de triomfbôge fan Titus sjochst de Joadske timpelfoarwerpen dy't nei Rome meinommen waarden .
Jezus waard berne ûnder it bestjoer fan keizer Augustus. Sa om ende by 30 nei Kristus hie Jezus yn Judea in nije monoteïstyske godstsjinst stichte; it kristendom. Nei syn dea oan it krús fersprieden syn folgelingen dit nije leauwen oer it Romeinske ryk. It kristendom waard populêr om't kristenen eltsenien as gelikense behannelen.
It kristendom waard in tiidlang troch sommige keizers ferbean. Keizer Konstantijn joech de kristenen godstsjinstfrijheid en waard sels kristen. Yn 394 waard it kristendom steatsgodstsjinst, de ienichste tasteane godstsjinst. Doe waarden alle oare godstsjinsten ferbean. Der ûntstie in kristlike organisaasje ûnder lieding fan de paus, de biskop fan Rome.