- Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
- Meitsje dêrnei dizze fragen
It Romeinske ryk wie in multykulturele maatskippij, wêryn minsken mei ferskate kultueren trochinoar libben. Yn it ryk waarden in protte goaden fereare. Der wie godstsjinstige ferdraachsumheid. Elts folk mocht syn eigen godstsjinst hâlde, mar eltsenien moast ek de keizer en de Romeinske steatsgoaden fereare. De Romeinske manier fan libben waard oer it hiele ryk ferspraat. Foar alle ynwenners jilden de Romeinske wetten en in protte minsken sprutsen Latyn.
De Romeinen hienen in goed ûntwikkelt rjochtssysteem, mei skreaune wetten foar alle ynwenners fan it ryk. Wa't it Romeinske boargerrjocht hie, koe nea sûnder in earlik proses feroardiele wurde. De fertochte koe him troch in advokaat ferdigenje litte.
De Romeinen namen in protte fan de Griken oer, sa as de bou fan de Grykske timpel. De Romeinen wienen goed yn it bouwen mei koepels. Sa ûntstie de Gryksk-Romeinske kultuer. Dit neame we ek wol de klassike kultuer of de antike kultuer.