Dizze staveringregels binne oernaam fan: http://oud.digischool.nl/fry/) Spitigernôch kin dy website net goed brûkt wurde om't alle letters mei in kapke of streekje net mear te lêzen binne. Ik ha hjir de letters mei kapkes en streekjes sa folle mooglik wer yn de tekst set. De filmkes komme fan : www.henkwolf.nl/filmkes .

Ynlieding

  1. f en s oan it begjin fan in wurd: fee en see
  2. De w as oergongsletter: blau en blau-we
  3. G en ch
  4. De tusken-n: gjin siken yn it sikehûs
  5. Wol of gjin bylûdferdûbeling?
  6. Stomme letters
  7. Bekende koarte klinkers: a, e, i, o, u
  8. Soldaten fan de A-kompanjy
  9. Streekjes: ú en é
  10. Dakjes: algemien; de^
  11. Dakjes: de â en ô
  12. Dakjes: û en oe
  13. Lestige klanken: y, i, ii, ie
  14. ie, ea, ue, oa, oe, uo en brekking
  15. ui, au/ou, ei/ij, ai/aai
  16. De kombinaasjes aai, eau, ieu, oai, oei, uoi, iuw, eo/eu
  17. Tremagebrûk


    A1. Ynlieding

    Algemiene útlis

    Bylûden
    Frysk hat deselde bylûden (medeklinkers) as it Nederlânsk en se hawwe ek deselde útspraak. It ferskil sit him allinnich yn de c, q en x by frjemde wurden: dy wurde yn it Frysk skreaun neffens de útspraak.

    Lûden
    Dat it Frysk der op papier sa oars útsjocht as Nederlânsk, komt trochdat it Frysk by de lûden (klinkers) foar in part oare tekens en tekenkombinaasjes brûkt as it Nederlânsk en dat komt fansels wer trochdat it Frysk oare lûden hat as it Nederlânsk.

    De tekens dy't net yn it Nederlânsk foarkomme, binne:
    1. y (byt, strykt, juny) (yn Ned. komt de y allinnich yn frjemde wurden foar);
    2. ii (tsiis)
    3. ú (tún, drúf)
    4. é(grouwélich)
    5. â (âld)
    6. ê (bêd)
    7. ô (stôk)
    8. û (rûch, bûge)
    9. ea (beam - beammen)
    10. oa (doar - doarren)
    11. ue (nuet, flues - fluezzen)
    12. uo (fuotten)
    13. eo (sneon) en eau (skreaun)
    14. uoi (muoike)
    15. oai (moai, moaier)

    De ie en de oe binne sawol Nederlânsk as Frysk, mar de Fryske ie (wiet, stien - stiennen) klinkt altiten oars as de Nederlânske (niet). De oe klinkt soms oars: gelyk yn Frysk en Nederlânsk doek, mar ferskillend yn Frysk foet, Nederlânsk voet.

    A2. De f en s oan it begjin fan in wurd: fee en see

    Regel: yn it Frysk begjint in wurd noait mei v of z.

    De Fryske wurden fee en see klinke mei in skerpe f en in skerpe s oan it begjin. Dêrom skriuwe wy dy wurden ek mei in f en in s.

    Algemiener: yn it Frysk begjint noait in wurd mei in v- of in z-klank en dus kin yn it Frysk ek noait in v of in z oan it wurdbegjin stean. Yn it Nederlânsk is dat oars: sjoch mar nei vee en zee, mar dy begjinne yn de útspraak dus ek net mei in skerpe s, mar mei in sêfte z. Dat in wurd yn it Frysk noait mei s of f begjint, jildt ek foar frjemde wurden: Nederlânsk video en zigeuner wurde Frysk fideo, sigeuner.

    Opmerking 1 As wurden mei f of s skreaun wurde, dan wurde fansels ek gearstallings en ôfliedings fan sokke wurden mei f en s skreaun: sakje dus ek: besakje; frede dus ek ûnfrede; see dus ek grûnsee, ensafuorthinne.

    Opmerking 2 It Frysk hat wol v en z, mar dy komme allinnich binnenyn in wurd foar: sizze, lizze, doaze, dôve, stive, andyvje, garaazje. Tink dêr benammen by frjemde wurden om.

    A3. De w as oergongsletter: blau en blau-we

    Regels:

    1. In wurd einiget yn it Frysk noait op w, behalven yn wurden op -iuw.
    2. Foar in bylûd komt ek noait in w.
    Wy kinne dy beide regels yn in tal foarbyldsinnen sjen litte.
    1. De frou hat in blau mûtske op.
    2. Ik bou in hûs.
    3. Sy leaude net dat dat gebou yn 1923 boud wie.
    4. Rau fleis sûnder sâlt is hiel flau.
    5. Ik skriuw him dat ik de liuw en de do wol wer yn harren hok sko.

    Dy w oan de wurdein is nammentlik hielendal net nedich foar de útspraak: Frysk flau en Nederlânsk flauw klinke folslein gelyk! Wannear moatte wy dan dy w (ôfsjoen fan -iuw) wol skriuwe? Allinnich as oergonslûd as der in saneamde 'stomme e' folget, dus mei de klank fan de e fan it lidwurd de. Dat docht him foar as in wurd ferlinge wurdt mei bygelyks, -e of -en of -ich: flau - flauwe, flau - flauwich, trou - trouwe, tou - touwen, do - dowen, sko - skowe, rou - rouwich. Dus net yn bygelyks: gaueftich, want dêryn folget op de au net in stomme e.

    A4. De G en ch

    De letter g kin yn it Frysk foar twa klanken stean:

    1. oan it begjin fan in wurd, en dan klinkt er lykas Dú. gut, Ing. good, Frâ. grand; (it Nederlânsk hat net sa'n g);
    2. midden yn in wurd en dan klinkt er as de Nederlânske g: Fry. drage = Ned. dragen.
    Yn dizze les giet it oer de ch en dy twadde g, dus de klanken fan noch en fan drage.

    Utstapke f, s en ch binne stimleaze (skerpe) klanken - v, z en g binne de bybehearrende stimhawwende sêfte (ferlykje p-b, t-d). By stimhawwende klanken trilje de stimbannen mei, by stimleaze net. De stimhawwende b, d, z, v, g oan de ein fan in wurd, sprekke wy yn it Nederlânsk en it Frysk altiten stimleas at: hoed klinkt mei in t oan de ein, mar de stavering bliuwt gelyk.
    As yn it Nederlânsk v of z oan de ein fan in wurd komt te stean, dan passe wy de stavering oan: dan feroarje wy v of z yn f of s: de stam fan verhuizen is eiliks verhuiz, mar dy wurdt: verhuis; de stam fan leven is eiliks leev, mar dat wurdt leef. Krekt sa klinkt in g oan de wurdein as in ch, mar:

    Regel:

    1. it Nederlânsk past dat net oan yn de stavering: droog - droge;
    2. it Frysk past dat wol oan yn de stavering: droech - droege.
    Dat is eins de hiele swierrichheid by g en ch. In pear helpregels:
    1. foar in d en by in je-tiidwurd: altiten g: deugd, fersmoargje;
    2. foar in s, in t, of by in ferlytsingswurd: altiten ch: acht, dochs, hy doocht, ploechje.
    Tink dus om it ferskil tusken ploechje en ploegje, barchje en bargje, seachje en seagje!

    A5. De tusken-n: gjin siken yn it sikehûs

    Regel: It Frysk hat gjin tusken-n.

    Elts ken fansels de swierrichheden mei de saneamde tusken-n yn it Nederlânsk, lykas: paardenstal foar paardebloem oer, ruggespraak en ruggengraat, kerkenraad, ensafuorthinne. Dat is in drege regel, dy't gearhinget mei de meartallen op -n.
    Yn it Frysk hawwe wy dy swierrichheid net. Wy kinne dêr hiel koart oer wêze: yn soksoarte gearstallingen krije wy yn it Frysk altiten en allinnich mar in -e- en dus noait -en-.

    A6. Wol of gjin bylûdferdûbeling?

    Regel: in dûbeld bylûd kin allinnich foarkomme nei de koarte klanken a, e, i, o, u.

    As nei in koarte klinker ien bylûd folget, dan wurdt dat ferdûbele: rok <> rokken. Omkeard jouwe wy mei dat dûbelde bylûd oan dat de foarôfgeande klinker koart is: as wy rokken net mei dûbeld k skriuwe soene, dan soene wy lêze roken (mei de lange oo fan rook).
    Wy krije dus:

    slak - slakken ik hap - wy happe in kanne
    fet - fette ik set - wy sette it wetter
    pit - pitten ik wit - wy witte in hikke
    slop - sloppe ik ros - wy rosse in bolle
    put -putten ik huf - wy huffe in suffert

    In pear bysûnderheden:

    1. Wurden dy't brekke (oer brekke en brekking: sjoch A 15,) en mar ien bylûd oan 'e ein hawwe, krije ek bylûdferdûbeling (men heart ommers in koarte klank foar dat brutsen bylûd): beammen, beammich, stiennen, stiennich, doarren, fuotten, skoalle, hoanne.
    2. Nei in klinker mei in dakje (â, ô, û, ê) krije wy noait ferdûbeling: bêden, fâle, dûbel.
    3. Achter in y of ú kin noait bylûdferdûbeling foarkomme: as it wurd langer wurdt, dan wurdt de y ommers in i (wyt - wite,)

    A7. Stomme letters

    Stomme letters neame wy letters dy't wy wol skriuwe, mar net útsprekke. De reden om se wol te skriuwen sit him faak hjiryn dat dêrtroch it wurdbyld noch wat tichter oanslút by besibbe Fryske wurden of by wurden út de talen om ús hinne; de wurden binne dan dus wat better wer te kennen. Meastal sil it sa wêze dat yn earder tiden sokke letters wol útsprutsen west hawwe, mar dat se letteroan yn it praten weiwurden binne, wylst de stavering dêr net by oanpast is.

    1. De l
    De l is stom mar wurdt wol skreaun yn de kombinaasje -âld- of -âlt-. Ferlykje:

    Frysk Nederl. Ingelsk Dútsk
    kâld koud cold cold
    sâlt zout salt Salz

    2. De h
    Yn in tal gefallen skriuwe wy noch in h foar in j:

    Frysk Nederl. Ingelsk Dútsk
    hjoed heden   heute
    hjir hier here hier
    hjerst herfst (harvest) Herbst

    Oare wurden binne: hja, hjeldagen/hjeljun, hjouwer, hjerring, hjitte.

    3. De f
    De f is stom yn de beide wurdsjes ôf en oft.

    4. De r
    Wy skriuwe hiel wat mear r's as dat wy sizze. Dat komt foaral om it wurdbyld tichter by dat yn de oare talen te hâlden. Earder hat sa'n r wol útsprutsen west. In hiel steal foarbylden: earst, bears, dwers, swart, koart, toarst, gers, bern, ferzen, earne, fearnsjier, burd, hurd, wurd, sturt.

    5. De j
    De j is stom yn it wurd jier.

    A8. Bekende koarte klinkers: a, e, i, o, u

    Regel: Mei de koarte klinkers a, e, i, o, u giet it yn it Frysk krekt sa as yn it Nederlânsk.

    It Frysk hat krekt as it Nederlânsk ek de koarte klinkers a, e, i, o, u. Foarbyldwurden foar it Frysk binne: pak, pet, pit, som, hok, put. It binne tagelyk ek wurden dy't yn it Nederlânsk op deselde wize stavere wurde en deselde betsjutting hawwe.
    Staveringsswierrichheden en ferskillen tusken Frysk en Nederlânsk binne der mei dy klinkers net, dat wy litte se fierder moai gewurde.
    Foar in oefening: sjoch A 6: bylûdferdûbeling.

    A9. Soldaten fan de A-kompanjy

    Regel: de a foar s, l, d, t, n (dus foar de bylûden yn it wurd soldaten) klinkt as de o fan hok.

    Wa't al aardich wat Frysk lêzen (en mooglik ek wol skreaun) hat, wit dat yn in oantal gefallen de skreaune a net as in 'a' útsprutsen wurde moat, mar dat dy klinkt as it lûd yn ljocht of hok.
    It giet altyd om wurden wêrfan't it oerienkomstige Nederlânske wurd ek in a hat.
    Omkeard, nammentlik by it skriuwen, jildt dan ek: in 'o'-lûd lykas yn hok en ljocht skriuwe wy foar s-l-d-t-n mei in a as dat wurd yn it Nederlânsk ek in a hat.
    Mar in wurd as slop skriuwe wy mei in o, ek al hat it Nederlânsk dêr in a. Ommers: dat 0-lûd stiet net foar in s, l, d, t of n.

    Utsûnderingen op de soldaten-regel binne: twad(de), do hast, hy hat, hast - hastich.

    A10. Streekjes: ú en é

    Ien fan de dingen dy't meitsje dat it Frysk der oars útsjocht as it Nederlânsk, is it brûken fan dakjes en streekjes. Mar: sa hiele faak brûke wy dy no ek wer net.

    It streekje '
    In streekje fine we allinnich mar yn in sletten wurdlid by wurden dy't in suvere uu-klank hawwe.

    1. Mei lange ú: drúf, skúf (mar yn it meartal, dus yn iepen wurdlid: druven, skuven).
    2. Mei in koarte ú: tún, ik slút, nút (mar yn iepen wurdlid: tunen, nuten, wy slute etc).

    As it wurd langer wurdt (bygelyks meartal), dan krije wy dus gjin bylûdferdûbeling en dan ferfalt it streekje!
    De bedoeling fan it streekje is om de uu-klank yn in sletten wurdlid te ûnderskieden fan de klank yn put: dus om it ferskil oan te jaan tusken bygelyks nút en nut.

    Opmerkings

    1. Foar in r kin noait in ú foarkomme, omdat men foar in r noait in suvere uu-klank heart. Wy skriuwe dêr ue: buert, natuer, figuer.
    2. In ê kin ek foarkomme, mar dat allinnich yn in pear útsûnderlike wurden: grouwélich, oerémis, mandêléch, tréwes.

    A11. Dakjes: algemien; de ^

    Algemien: it dakje ^

    Letters mei in dakje kinne wêze: û, â, ê, ô

    Mei â, ê, ô wurdt altiten in lange klank oanjûn.

    1. Foarbylden mei â: lân, âld, sâlt, wâl,
    2. Foarbylden mei ê: wêze, ik lês / wy lêze, bêd/bêden, rêch/rêgen
    3. Foarbylden mei ô: fôle, hy rôp, dôf, bôge, tôgje

    De û kin sawol foar in lange as in koarte oe-klank stean:

    1. Foarbylden mei koarte oe-klank: rûch, sûpe, nûmer, fûgel, gûchelje
    2. Foarbylden mei lange oe-klank: sûgje / ik sûch, krûd, hûs.

    De ê
    De ê is dus altiten in lang lûd. Omkeard: wy skriuwe dat lûd ek altiten mei ê. Der binne lykwols wurden dy't in lange ê hawwe, mar wêrby't dy klank koart wurdt, as dat wurd yn it meartal komt of ferlytse wurdt of as der in oar wurdt mei foarme wurdt: stêd - steden - stedsje - stedhûs.
    Opmerking
    Yn de wurden bern, gers, ferzen sit wol in lange klank sa't dy oars mei ê oanjûn wurdt, mar krekt yn dizze trije wurden skriuwe wy (fanwegen de r) in e en net ê!

     

    A12. Dakjes: de ô en â

    It lange lûd lykas yn bôle, skriuwe wy mei ô: rôlje, bôle, rôt, kôgje, hy rôp. Mar der binne ek in tal gefallen dat wy dat lange lûd mei â staverje. Wannear dan?

    1. foar in n: sân, râne, gâns, hân
    2. foar -lt of -ld: de Wâlden, kâld, sâlt, yn trijefâld;
    3. foar in -l: allinnich as it oerienkomstige Nederlânske wurd in a hat: stâl, mâl.
    In los gefal is wâdzje. Fierder klinke de wurden manlju en froulju ek mei in lange â, mar dy skriuwe wy mei man en frou om it ferbân mei dy beide wurden fêst te hâlden.
    Krekt sa't wurden mei ^ soms in koarte klank krije kinne by meartal, ferlytsing of sa, kin dat ek mei â-wurden en ô-wurden: lân - lantsje, rôt - rotten.

    A13. Dakjes: de û en oe

    De oe en de û binne drege letters om te brûken. Dat komt trochdat se net altiten deselde klank foarstelle:

    1. soms hearre wy in koart lûd: droech, koekoek, hy joech, ik lûk, nûmer, brûke;
    2. soms hearre wy in lang lûd: koeke, spoek, bûge, gûne;
    3. soms hearre wy in twalûd: foet, boer, noed, soe, koe.
    Kinne wy dêre wat regelmjittigens yn ûntdekke? Dochs wol in bytsje.

    De haadregels binne:

    1. wy staverje oe as itselde wurd yn it Nederlânsk oo of oe hat: droog, koekoek, koek, spook;
    2. wy staverje û as der in n folget: gûne, sûn, ûnearlik, ûntfange;
    3. wy staverje û as itselde wurd yn it Nederlânsk ui, eu of u hat: bûge (buigen), bûgel (bugel), nûmer (nummer), hûs (huis);
    4. it twalûd staverje wy altiten mei oe: wy soene, koene, woene, foet, stoel en altiten foar in r: boer, natoer.
    Spitigernôch binne der ek in tal útsûnderings. De bekendste binne: kûgel, fûgel, boekebeam, bûter, gûchelje.
    Yn frjemde wurden (wurden fan bûtenlânsk komôf) staverje wy as regel û: patrûlje, behalven foar r: retoer.

    A14. Lestige klanken: y, i, ii, ie

    Mei de i's leit it lestich yn it Frysk. Mar wy kinne der fan twa kanten wol achter komme hoe't it sit.

    A. As wy lêze moatte, is hieltyd de fraach: wat stelt dat bepaalde teken foar?

    1. De i kin wêze:
      1. de klank fan Ned. de, en wol yn: it, in, -ich, -lik;
      2. de klank fan Ned. niet (koart), en wol yn iepen wurdlid: wite, bline;
      3. de klank fan Ing. sweet (lang), en wol yn iepen wurdlid: wide, grize;
      4. de klank fan Ned. één as n+s/z folget: minske, finzen, winst;
      5. de klank fan Ned. pit, yn sletten wurdlid: sit, wit, pinne, lizze
    2. de y is altiten it koarte lûd lykas yn Ned. niet: yn, wyt, Frysk (útsûndering: bûten de Wâlden wurdt de y fan my, dy, hy, sy, wy, by mei ij útsprutsen);
    3. de ii is altiten it lange lûd lykas yn Ing. sweet: wiid, bliid, griis;
    4. de ie is yn it Frysk altiten in twaklank: in i-klank mei in stomme e derachteroan, lykas yn Ned. bier: wiet, bier, siede, kieze.

    B. As wy skriuwe moatte, is dus hieltiten de fraach: hoe klinkt dat wurd en hokker teken moatte wy dan dus brûke.

      1. foar de koarte klank fan wyt:
        1. in y yn sletten wurdlid en oan de ein fan in wurd: wyt, knyn, ryk, Fryslân; juny
        2. in i yn iepen wurdlid: wite, kninen, rike
      2. foar de lange klank fan wiid:
        1. in ii yn sletten wurdlid: wiid, griis, stiif, siik
        2. in i yn iepen wurdlid: wide, grize, stive, sikehûs
      3. foar de twaklank fan wiet: altiten ie: fier, wiet, ik wie, ik hie, grien, bier
    Opmerking: De útgong -heid, lykas yn aardichheid, wurdt ek meast mei de koarte klank fan wyt útsprutsen: 'hyt'.

    A15. ie, ea, ue, oa, oe, uo en brekking: stien(nen), beam(men), doar(ren) en foet/fuotten

    By de ie fan stien heart men eins twa lûden: earst in 'i' en dan in 'e' (lykas yn it lidwurd de) derachteroan. As wy lykwols fan stien in langer wurd meitsje, dan is de 'ie' wei en hearre wy ynienen 'ji': stiennen, stiennich. Sa ek by hier - hierren - hierke. De klank fan it wurd feroaret dus as dat wurd langer wurdt.
    Wat soartgelikens is der ek te rêden yn wurden mei ea, oa en oe. Dat binne ek twaklanken: yn beam hearre wy earst in i (fan pit) en dan sa'n e-neislach, yn doar earst in o en dan wer sa'n e, yn foet earst in 'oe' en dan wer in e: beam - beammen - beamwâl; doar - doarren - doarke; foet - fuotten - fuotfeie.
    Dat ferskynsel fan dy klankferoaring hyt brekking. Oan de stavering kinne wy sjen:

        1. dat brutsen wurden mei ie, ea en oa harren oarspronklike stavering hâlde en dat wurden mei oe dy't brekke, stavere wurde mei uo;
        2. dat by brekking yn it meartal it bylûd ek ferdûbele wurdt (en omkeard: as der in dûbeld bylûd stiet, dan is it brutsen).

    Tink derom 1 Oan de stavering fan ie-, ea- en oa-wurden is dus net te sjen oft se brutsen binne! En as wurden mei ie, ea of oa langer makke wurde, brekke se ek lang net altiten. Sjoch de folgjende foarbylden Dy mei * binne brutsen): noas - noazen - *noaske - noasbliede - *noasters; roas - roazen - roaske - roazekweker; keamer - keamers - *keammerke; fier - *fierder - *fierst: skier - skierder - skierst.

    Tink derom 2
    2.1. ie - ji
    Regel:

        1. wy skriuwe de klank 'ji' mei ie as der in ie-wurd neist stiet, dat net brutsen is: dus fierder mei ie want it komt fan fier: der stiet fier mei ie neist;
        2. wy skriuwe de klank 'ji' mei ji as der net in net-brutsen foarm neist stiet: dus: it wurd jimme gewoan mei ji want dat komt net fan ien of oare foarm mei ie.
    2.2. ea - je
    Wat hjirboppe stiet oer ie - ji jildt krektsa foar wurden mei ea - je. Yn beammen hearre wy 'j', mar wy skriuwe mei ea omdat it fan beam mei ea komt. Yn it wurd rjemme hearre wy ek 'j' mar dan skriuwe wy gewoan je omdat it net fan in foarm ream- of sa komt.

    A16. ui, au/ou, ei/ij, ai/aai

    1. De ui
    De ui klinkt as itselde lûd yn it Nederlânsk; yn it Frysk komt er net sa faak foar. Foarbylden binne: bui, buiïch, trui, bruie ('slaan'), kuierje.

    2. De au/ou
    Der binne gjin regels te jaan foar wannear't wy ou en wannear't wy au staverje. Yn it Frysk giet it lykop mei it Nederlânsk. Foarbylden mei ou: goud, hout, berou, frou, mouwe, tou, bouwe, ik sjou. Foarbylden mei au: gau, flau, rauwe woartels.
    Oer de w oan de ein of as oergongsletter: sjoch paragraaf A3.

    3. ei/ij
    Likemin as by au/ou is foar ei/ij goed oan te jaan wannear't ei of wannear't ij brûkt wurdt. Mar it folgjende kin soms in bytsje help jaan.
    Yn 'e Wâlden wurde ei en ij op deselde wize útsprutsen, krekt as yn it Nederlânsk: lei en lij klinke dêr dus gelyk. Yn in part fan de Wâlden wurdt de ei (mar net de ij!) as ee útsprutsen: 'mee de treen nee De Westereen'.
    Op 'e Klaai dêrfoaroer klinkt de ei (mar net de ij!) hiel faak as a(a)i of o(o)i: beien bygelyks wurdt 'baaien', heit wurdt 'hait' of 'hoit', meitsje wurdt 'maitsje'.
    Noch in oar helpmiddeltsje: der binne frijwat wurden dy't yn it Nederlânsk -ag- of -eg- hawwe, mar yn it Frysk in ei: wagen / wein, zegen / seine, weg / wei, nagel / neil.
    Fierder: der binne gjin wurden dy't yn it Nederlânsk ei hawwe en yn it Frysk ij of oarsom.

    4. ai/aai
    It gefolch fan de ai-útspraak fan de ei op 'e Klaai kin wêze dat der betizing ûntstiet tusken de skriuwwize mei ei oan 'e iene kant en dy mei ai of aai oan 'e oare kant. Wurdt dy betizing noch wat grutter mei't guon wurden yn it Nederlânsk ei hawwe en yn it Frysk aai? Dat hoecht net. Wy kinne de folgjende regels jaan:

        1. As Nederlênsk aai/ei hat en it Frysk klinkt mei 'aai', dan skriuwe wy aai: klei / klaai, mei / maaie, ei / aai; draaien / draaie, zwaaien / swaaie, fraai / fraai.
        2. Fryske wurden mei aai kinne ferkoarting nei ai ûndergean: aai - aike, maaie - maitiid, kaai - kaike.
        3. Der binne net sa'n soad wurden mei ai: skraits, maits, laitsje, mais.

    A17. De kombinaasjes aai, eau, ieu, oai, oei, uoi, iuw, eo/eu

    1. aai (sjoch ek A16, punt 4
    De stavering mei aai is krekt sa as by it Nederlânsk: as wy sa'n lange 'aa' mei in 'j' derachteroan hearre, sawol op 'e Klaai as yn 'e Wâlden, dan skriuwe wy dat ek sa: aai, klaai, maaie, waaie, daaie, draaiïng.

    2. eau / eo / eu

        1. Yn 't foarste plak binne der in steal losse wurden dy't mei eau skreaun wurde: sleau, kreauwe, kleaune, leauwe, reauntsje.
        2. Yn 't twadde plak wurdt eau brûkt yn de doetiid en it mulwurd fan tiidwurden mei -iuw. Foarbylden: skriuwe - skreau - skreaun, bliuwe - bleau - bleaun, priuwe - preau -preaun.
          Tink derom: de lêzing dy't wy mei dizze tekenkombinaasje eau oanjouwe, kin op ferskate plakken yn Fryslân hiel ferskillend wêze!
        3. Wy fine (frijwol) itselde lûd yn de trije wurden freon, gleon, sneon en de plaknamme Greonterp, mar dêryn skriuwe wy dus eo!
        4. Wurden mei -eu klinke ek sa: kleur, seure, rapporteur, sneu, freule.

    3. ieu / iuw

        1. Yn wurden dêr't it Hollânsk eeuw hat, hat it Frysk ieu. Dat binne mar in pear wurden: ieu, Sieu, mieu en Hebrieusk. De leeuw is lykwols in liuw en Ned. kieuw is Frysk kieu.
        2. Behalven yn liuw komt iuw (dus altiten mei w!) eins allinnich mar foar yn tiidwurden en dêrfan makke wurden: skriuwe, priuwe, driuwe, bedriuw, ensfh.
        3. Lieuwe yt fan twa wâlen: dy namme wurdt ek wol skreaun as Liuwe.

    4. oai
    It Frysk hat oai foar Nederlânsk ooi oer: moai, roaie, troaie. De oa kin yn inkelde gefallen brekke, krekt as by doar - doarren: moaist, boaiem.

    5. oei
    It brûken fan oei yn it Frysk en yn it Nederlânsk rint lykop: bloeie, groeie, skroei, boei.

    6. uoi
    De uoi fine wy ek mar yn in pear wurden, lykas muoike, muoite, muoilik.

    A18. Tremagebrûk

    In oar wurd foar trema is dielteken.
    De haadregel is: wy sette by in kombinaasje fan klinkertekens in trema op de earste klinker fan it nije wurdlid as dy kombinaasje fan tekens ek oars binnen in wurdlid foarkomme kin.
    In pear foarbylden: beämte (amtner) mei trema yn tsjinstelling ta beamte (beammeguod) sunder trema (ea kin dus binnen in wurdlid foarkomme); klaaiïng kriget in trema op de twadde i omdat ii binnen in wurdlid foarkomme kin (wiid, tiid); yn koöperaasje komt der in trema op de twadde o omdat oo binnen in wurdlid mooglik is (mooglik, hookstrooks).
    It omkearde jildt ek: in trema wurdt net pleatst as in bepaalde tekenkombinaasje yn it Frysk binnen in wurdlid net foarkomt: Israel (gjin trema op de e; Fryske wurden mei ae binne der net), fakuum (gjin trema op de twadde u, want der binne yn it Frysk gjin wurden mei uu. Yn it Nederlânsk wol: vacuüm!)
    In trema jout dus net lykas in dakje of in streekje in bepaald lûd oan, mar is in helpmiddel om net ferkeard te lêzen. Dus: as ferkeard lêze net mooglik is, komt der ek gjin trema.
    De tredde regel is dus: as ferkeard lêze net mooglik is of as der gjin útspraakbetizing te ferwachtsjen is, sette wy gjin dielteken. Dat spilet foaral by frjemde wurden, dy't meastal daliks goed wer te kennen binne: yntuityf, geolooch.
    Opmerking
    Mei dizze tredde regel slûpt der fansels in subjektyf elemint yn it pleatsen fan trema's!