Dizze staveringsregels binne oernaam fan: http://oud.digischool.nl/fry/) Spitigernôch kin dy website net goed brûkt wurde om't alle letters mei in kapke of streekje net mear te lêzen binne. Ik ha hjir de letters mei kapkes en streekjes wer yn de tekst set. De filmkes komme fan : www.henkwolf.nl/filmkes .
Staveringsregel v/z
Yn it Frysk oan it begjin en ein fan in wurd:
- noait in v, altyd in f
- noait in z, altyd in s
sjoch mar:
- fleane (vliegen)
- ik raas
- sinne (zon)
- draaf
Staveringsregel g/ch
Wannear g?
- foar d:
bygelyks: deugd - yn tiidwurden dy't yn de ynfinityf eindigje op -je ha:
bygelyks: bargje(morsen)
Wannear ch?
- foar s, t:
bygelyks do hoechst, hy hoecht - yn ferlytsingswurden foar -je:
bygelyks barchje
Jout dizze regel gjin antwurd dan :
- oan it begjin fan in wurd g:
bygelyks goed - oan it begjin fan in wurdlid g:
bygelyks be-gjin
- oan de ein fan in wurd:
bygelyks graach - oan de ein fan in wurdlid:
bygelyks tach-tich
De regel fan de y/i/ii/ie
- y = -koart lûd (korte klank) 'klinkt as' hollânske 'ie' yn 'Piet' of 'fiets'. Bygelyks (bijvoorbeeld) Pyt, fyts
- komt foar yn in sletten wurdlid en oan de ein fan in wurd
- sletten:pyt,fyts; ein fan in wurd:hy, sy, taksy - ii = -lang lûd 'klinkt as'ingelske 'team'
(bijv.) tiim, stiif
- yn in sletten wurdlid - i = -lang en koart lûd 'klinkt as'ingelske 'to leave' (lang) en hollânske 'fietsen', bygelyks: blide, slite
- yn iepen wurdlid - i = -koart lûd 'klinkt as'hollânske 'pit','stip' en wurdt ek sa skreaun, bygelyks: pit, stip, hin (kip) (oefenje wy dus net!!!)
- ie = -twa-lûd (2-klank) bestiet út 2 lûden:in i- en in e-klank dy't nei ûnderen giet. It earste lûd hat dan klam (klemtoon), it twadde net. It kin ek oars. De klam ferskoot fan it earste lûd nei it twadde foar in r: dier, hier, tried, iepen ,triedden- yn sletten en iepen wurdlidden
Staveringsregel it kapke ^
- In oare wize om in lang lûd oan te jaan is mei in kapke: ^.
It lange lûd hat wat in draai oan de ein: û, ô, ê.
Bygelyks: hôf, rûne, sê - Utsûndering: trije lange lûden dy't gjin kapke krije binne:
bern (kinderen)
gers (gras)
ferzen (gevroren) - By ferkoarting (verkorting) fan it lûd ferdwynt it dakje wer.
Bygelyks:
sân - santich
rôt - rotten
bêd - bedsje
Staveringsregel:oe of û
Foar in 'r' altyd 'oe', bygelyks: foer (voer) of djoer (duur).
Is der gjin 'r' achter? Dan sjochst nei it hollânske wurd:
- Hat itselde wurd yn it hollânsk in -oo- of -oe-, dan skriuwst yn it Frysk in -oe-.
- Yn alle oare gefallen skriuwst in -û-
Bygelyks:
gûle - huilen (yn it hollânsk gjin -oo- of -oe- dus yn it Frysk: û)
roetswart - roetzwart (yn it hollânsk in -oe- dus yn it Frysk ek -oe-)
droech - droog (yn it hollânsk in -oo- dus yn it Frysk in -oe-)
Tink derom: der binne in tal wurden dy't har net oan dizze regels hâlde. Bygelyks:
joech (gaf)
fûgel (vogel)
kûgel (kogel)
boekebeam (beukeboom)
bûter (boter)
In oe-lûd yn de doe-tiid (verleden tijd) fan sterke tiidwurden (*) wurdt yn it Frysk altyd mei -oe- stavere.
Utsein (behalve) as nei in oe-lûd in -n folget, bygelyks: 'ik rûn'.
Staveringsregel: oergongsletter W
- De oergongsletter W wurdt allinne skreaun as der in lûd (= klinker) op folget.
Bygelyks: blauwe - Oan de ein fan in wurdlid skriuwe wy net in W,
bygelyks: Har nije fyts is blau.
Utsûndering: W wurdt wol skreaun yn kombinaasje mei 'iu': iuw,
bygelyks: Ik skriuw dy sin op.
It ferskil tusken 'er', 'der', 'dêr' en 'dêre'
It ferskil is dûdlik. Sjoch mar:
'er' is yn it hollânsk 'hij'; oan it begjin fan in sin brûke wy 'hy' as it wurd klam (klemtoon) hat, as it gjin klam hat 'er'
Bygelyks:
Hy seit dat er dat net dien hat.
'der' is yn it hollânsk 'er'
Bygelyks:
Der wie ris in lyts famke.
'dêr' is in it hollânsk 'daar'
Bygelyks:
Sjoch dêr ris!
'dêre' is itselde as 'dêr', allinne dan mei mear klam
Bygelyks:
Hjir net, mar dêre!
It ferskil tusken 'wer' en 'wêr'
It ferskil tusken 'werom' en 'wêrom'
It ferskil is dûdlik. Sjoch mar:
'wer' is yn it hollânsk 'weer';
Bygelyks:
Hy seit dat er dat net wer dwaan sil.
'wêr' is yn it hollânsk 'waar' (freget nei it plak)
Bygelyks:
Wêr is ús lyts famke?
'werom' is in it hollânsk 'terug'
Bygelyks:
Hy is werom.
'wêrom' is in it hollânsk 'waarom' (freget nei de reden)
Bygelyks: Wêrom hast dat dien?
u of ú
Yn 'e doetiid (verleden tijd) krije we yn it Frysk by de tiidwurden (werkwoorden) gjin dûbel d en gjin dûbel t. We skriuwe de wurden sa koart mooglik op. It is dus: wy praten en net: wy praatten.
Op de website www.edufrysk.nl kinst in online kursus Frysk folgje. Dit is in hiele moaie site mar de measte leskes dy't dêr stean binne spitigernôch net fergees.
Wolst noch folle mear witte oer it staverjen fan it Frysk yn fergeliking mei it Nederlânsk, klin dan op ...Stavering-2.......
Wolst dêrnei noch mear leare oer de stavering fan it Frysk gean dan ne ihttp://www.fryskebeweging.nl/edukaasje/in-komplete-kursus-frysk/#more-1878