1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze fragen
  3. Meitsje dêrnei dizze matchoefening

De Griken fûnen oare folken frjemd en se neamden se barbaren. Dat wurd komt fan it Grykske wurd barbaros. De Griken koenen de frjemdlingen net ferstean. It klonk krekt as seine se: 'Bar bar bar.' Grikelân neamden se Hellas, sy sels wienen de Helenen. De beskaafde minsken.

Grikelân is net ien lân mar in samling stedsteaten (poleis). Dochs fielden de Griken harren ien troch deselde taal, kultuer en de Olympyske Spullen. Alle Griken leauden yn deselde goaden. Goadenwiene neffens de Griken net better en net minder as minsken en wenene op de berch Olympus (dêr komt de namme Olympyske Spullen fan). Zeus wie de haadgod, hy hearsket oer himel en ierde. Syn frou hjit Hera. Sy wie de goadin fan it houlik. Poseidon is de god fan de see en Hades regeart oer de ûnderwrâld.

http://www.schooltv.nl/video/het-orakel-van-delphi-voorspellingen-bij-de-oude-grieken/#q=griekenland

http://www.schooltv.nl/video/de-goden-van-de-oude-grieken-overal-bestond-een-god-voor/#q=grieken

Net alle Griken leauden yn goaden. Filosofen besochten om mei it ferstân natuerferskynsels út te lizzen. Se sochten nei ferklearringen; wêrom driuwt eat; hoe grut is de omtrek fan de ierde; hoe komt it dat it reint? It wurd filosofy betsjut hâlde fan de wiisheid. In ferneamde filosoof wie Socrates (469-399 foar Kristus). Hy besocht om de minsken oan it tinken te krijen. In protte minsken fûnen him mar lêstich en hy waard feroardiele ta it drinken fan de gifbeker.