- Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
- Meitsje dêrnei dizze fragen
- Meitsje dizze match-oefening
De âlde Grykske stedsteaten wienen selsstannich. Der wienen ferskate bestjoersfoarmen. Yn it earstoan waard de polis bestjoerd troch in kening (monarch). It bestjoer wie in monargy. Dêrnei kaam der in bestjoer fan de bêsten (faak rykste) mannen fan de stêd (aristos). It bestjoer waard in aristokrasy. Letter krige yn Atene it folk (demos) de macht. It bestjoer waard in demokrasy. It kaam ek foar dat yn in stêd in ryk en machtich man de macht mei geweld opeaske. Hy bestjoerde allinne de stêd en eltsenien moast dwaan wat hy besliste. Sa'n man wie in tiran en sa'n bestjoer hjit in tiranny.