- Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
- Meitsje dêrnei dizze fragen
De measte Griken libben oan see. It wienen betûfte seefarders dy't hannelen yn it hiele Middellânske Seegebiet. Yn de stêden bestie de befolking út ferskate sosjale lagen. Yn Atene wiene fjouwer sosjale lagen: de boargers dy't yn de stêd berne wienen, de frjemdlingen, de froulju en de slaven. De mannen dy't yn Atene berne wienen hienen it foar it sizzen.
De froulju kamen op it tredde plak. Hja bleaune thús en hâlden tafersjoch op de slaven. Sels efkes nei de merke gean, sa as de froulju yn Egypte dienen, mocht net. Dat dienen de slaven. Jonges en famkes bleaune oant har sânde jier byinoar thús. Dêrnei gongen de jonges nei skoalle. Dêr learden se rekkenjen, lêzen en skriuwen. Se besteden in protte tiid oan gymnastyk. In sûne geast yn in sûn lichem seinen se. De famkes bleaune thús en moasten helpe yn de húshâlding. Slaven wienen net baas oer har eigen lichem. Se wienen besit fan de frije Griken. Slaven wienen fersleine soldaten, kriichsfinzenen, of minsken dy't as slaaf berne wienen. Se dienen it swiere wurk sa as it wurkjen yn de sulver minen. Der wienen ek slaven dy't as learaar wurken.
Yn Sparta krigen de Spartaanske jonges fanôf har sânde jier in militêre opfieding. Se wennen yn ynternaten en waarden foaral traind yn draven, fierspringe en fjochtsje. De Spartanen makken in protte kriichsfinzenen, dy moasten it wurk dwaan.