- Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
- Meitsje dêrnei dizze fragen
Troch de bergen en eilannen yn it Grykske lânskip libben de âlde Griken yn losse selsstannige stedsteaten. Sa'n stedsteat neamden de Griken in polis. Fan dat wurd komme ús wurden polityk en polysje. In polis bestie út in stêd en it omlizzende lân. Atene en Sparta wienen de grutste poleis. De measte stêden leinen oan it wetter. Der wienen wol in pear hûndert fan dy stêden.
It kontakt tusken dy stêden gie oer it wetter want troch de bergen koenen se net maklik guod ferfiere. It libben yn dy stedsteaten wie krekt as yn Egypte in lânboustedelike maatskippij. De befolking libbe fan lânbou, ambachten en hannel oer see.
Troch de befolkingsgroei moasten de Griken fanôf de 8ste ieu foar Kristus koloanjes rûnom de Middellânske See stichtsje. Der kamen sa allegear Grykske plakken lâns de Middellânske See. Troch de hannel kamen de ferskillende kultueren mei-inoar yn kontakt en namen se handige dingen fan inoar oer.
De stêden waarden beskerme troch in stedsmuorren. It merkplein wie hiel wichtich. De Agora wie it merkplein fan Atene. Rûnom de Agora wennen de ambachtslju. De Griken betellen mei sulveren munten. Yn Atene wienen fjouwer sosjale groepen: de boargers dy't yn de stêd berne wienen; frjemdlingen; froulju; en slaven.