1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze fragen

Alle folken op de wrâld leauden yn meardere goaden. Dat dienen de âlde Friezen ek. Dy leauden yn Wodan, Donar en Freya. Dêr brochten se offers oan, bytiden sels minske-offers. Tink mar oan it famke dat by Yde yn Drinte fûn is. Leauwe yn meardere goaden neame we polyteïsme.

Der wie op de hiele wrâld in útsûndering. It Joadske folk wie monoteïstysk. Sy leauden yn mar ien god. Se mochten gjin bylden fan God meitsje en ek gjin minske-offers bringe.

It âlde Egypte hie in polyteïstyske godstsjinst. Sawat 1375 foar Kristus fierde farao Echnaton in monoteistyske godstsjinst yn. Hy ferearde mar ien god, Aton de sinnegod. De timpels fan oare goaden liet hy slute. Do silst wol begripe dat de prysters fan dy oare timpels hjir net bliid mei wienen. Nei syn dea folge Toetanchamon him op. Dy hjitte earst Toetanchaton. Hy wie doe noch mar sa'n njoggen jier âld. De hege amtners en prysters regearren. Sy moasten neat fan Echnaton syn monoteïsme ha. Se feroaren de namme fan Toetanchaton yn Toetanchamon en de Amon-timpels en se gongen wer iepen.

Exodus 1 :8 Doe kaam der in oare kening oan it regear oer Egypte, ien dy’t Joazef net mear kend hie. 9Dy sei tsjin syn folk: Sjoch, it folk fan ’e Israeliten wurdt ús te machtich en te sterk. 10Kom, lit ús har no ferstannich oanpakke, dat se net mear oanwinne. Want as wy ris yn oarloch reitsje soenen, dan soe dit folk him wol by ús fijannen jaan kinne en tsjin ús stride en dan it lân útgean. 11Dat hja stelden wurkmasters oer har oan, om har troch swier arbeidzjen derûnder te hâlden. En sa bouden se foarriedstêden foar Farao: Pitom en Raämses.

Yn de rin fan de tiid kamen der frjemdlingen nei Egypte, dy't wenjen gongen yn de fruchtbere Nyldelta. Neffens de Bibel, de Tenach en de Koran libben in groep Israëliten mei harren monoteïstyske godstsjinst in skoft yn Egypte. Nei tsien pleagen gongen se ûnder lieding fan Moazes werom nei it lân Kanaän. Yn de woastyn krigen se de tsien geboaden. Tsien rigels (wetten) wêr't de joaden har oan hâlde moasten.