1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze fragen

Toeristen dy't nei Egypte geane, bringe faak in besite oan de piramiden en oan it museum yn Kaïro, wêr't de foarwerpen út it grêf fan Toetanchamon lizze.

In 360 graden foto, klik op dizze link of op de foto. http://www.geschiedenisleraar.info/blog/wp-content/uploads/2011/08/pyramids896kb.mov

Yn 2580 foar Kristus liet farao Cheops de grutste piramide (146 meter heech) bouwe. De Achmeatoer yn Ljouwert is 115 meter heech. De piramide bestiet út mear as 2,3 miljoen stiennen fan elk mear as 2300 kilo. De bou duorre mear as tritich jier. Wy tinke dat der wol 200.000 minsken oan syn piramide wurke hawwe. Al dy minsken moasten mei-elkoar oparbeidzje, moasten elkoar net yn it paad stean en moasten ek alle dagen iten en drinken hawwe. It bouwen fan sa'n piramide wie in enoarme prestaasje. Nei syn dea is farao Cheops yn syn piramide begroeven. Syn grêf is letter leechrôve.

De earste farao's waarden yn piramiden begroeven. De lettere farao's waarden yn rotsgrêven begroeven yn de Fallei fan de Keningen. Dêr ûntduts Howard Carter in 1922 it grêf fan Toetanchamon. Toetanchamon (± 1330 foar Kristus) is no wrâldferneamd. Hy wie mar hiel koart farao. Fan syn alfde oant syn njoggentjinde jier en hy hat amper sels regearre. Doe't er dea gong krige hy in lyts grêf, no ja lyts yn fergeliking mei de oare farao's. Al de grêven fan de farao's, dy't fûn binne, binne leechrôve. Op ien nei en dat is it grêf fan Toetanchamon.

 

Leven onder de farao, deel 2 from Geschiedenisleraar.nl on Vimeo.