1. Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
  2. Meitsje dêrnei dizze fragen

Yn Egypte ûntstie ien fan de earste heechûntwikkele kultueren fan de wrâld. Der wie in wiidweidige en yngewikkelde godstsjinst mei in protte goaden.

Egyptners bouden grutte timpels foar de goaden. Prysters brochten alle dagen offers yn de timpels om de goaden tefreden te hâlden. De goaden soargen foar de oerstreaming fan de Nyl en it opkommen fan de sinne. Dêr koene se yn Egypte net sûnder. Betûfte keunstners fersterken de posysje fan de farao. De farao's waarden troch de Egyptners as goaden fereare.

De Egyptners tochten dat se nei de dea nei it deaderyk gongen. Dêr fertelde de deade oan Osiris, de god fan it deaderyk, wat hy yn syn libben dien hie. As de deade goed libbe hie, waard hy talitten ta it deaderyk. Syn siele moast yn it deaderyk in wenplak ha en dêrom moast it lichem bewarre bliuwe. It libben nei de dea wie tige wichtich. Deaden waarden as mummy's mei grêfgiften begraven yn grutte grêfgebouwen, sa as de piramiden. Se krigen ek in deadeboek, in boek wêr yn stie watst dwaan en watst sizze moast om it deaderyk yn te gean