- Besjoch de dia's en klik op dizze ynfoloefening
- Meitsje dêrnei dizze fragen
Yn Egypte wie lânbou lâns de Nyl allinne mar mooglik at in protte minsken mei-inoar oparbeidzgen. Der moasten ôfspraken komme oer it ûnderhâld fan de kanalen, slúskes en slinken. Ek moast der in bestjoer komme dat alles regele en minsken strafte dy't harren ôfspraken net neikamen. Úteinlik kaam der ien farao dy't alle macht yn hannen krige en mei amtners foar it bestjoer fan Egypte soarge.
De Egyptners kochten hout, fee en ivoar fan oare folken. Troch de oerskotten yn de lânbou ûntstienen der stêden. Dêr wennen ambachtslju, hannelers en prysters. De ambachtslju hâlden harren dwaande mei it meitsjen fan alderhande produkten. It wienen timmerlju, glêsblazers, skilders ensafuorthinne. De merke waard in wichtich plak foar de hannel. Dêr koenen de produkten tsjinelkoar ruile wurden.
Yn Egypte ûntstienen grutte ferskillen yn rykdom tusken de minsken. It waard in maatskippij mei ferskate sosjale lagen. Dy sosjale lagen koest as in piramide fan de befolking sjen. De ûnderste laach dat wienen de minsken dy't it gjin besit hienen. It wienen de slaven. Dêr boppe hiest de boeren en hânwurklju. Dat wie de grutste groep. De boppeste laach wie it lytst. Dat wie de farao mei syn famylje. Dêrûnder hiest de hege amtners en de prysters. De middelste groep bestie út skriuwers, gelearden, keunstners en boumasters.