iepeningSKIEDNIS foar de ûnderbou

 

Op dizze website stiet skiednismateriaal foar klasse 1 fan it foartset ûnderwiis. Under de knoppen fan de tiidrekken steane lessen, powerpoints, en kompjûteropdrachten.

 

>>>  Lês foar Op de website stiet boppe oan elke pagina in foarlêsknop. Ast dêr op klikst dan wurdt de hiele pagina foarlêzen. Kinst ek mei de mûs in stikje tekst markearje, dan sjochst in ôfbylding fan in lûdsprekker. Ast dêr op klikst dan wurdt allinne dat stikje foarlêzen. Dat kin handich wêze asto wol Frysk ferstiest mar noch net sa goed lêze kinst.

 

>>> Taalweb Ast in stikje fryske tekst oersette wolst yn it Nederlânsk, dat kopiearrest dat stikje tekst, klikst op de link www.taalweb.nl, dêr plakst de tekst en dan wurdt it oerset yn it Nederlânsk.

 

Dizze website is dus noch net ôf en ek noch net sûnder flaters. Dat is it doel al. Korreksjes en tips wurde op priis steld.

 

Dirk Corporaal

 

This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.

>>> Skierstins Feanwâlden Op 23 jannewaris 2015 is der in eksposysje oer de lêste toerstins yn Fryslân iepene. De eksposysje en in film oer de Skierstins fertelle hoe't de toerstins as ienige stins yn Fryslân de midsieuwen oerlibbe hat en no noch te bewûnderjen is. Foar mear ynformaasje oer de Skierstins sjoch: 9-stinzen-en-steaten

 

>>> Romeinske skat  Yn Den Haag is yn novimber 2014 in skat út de Romeinske tiid fûn.  Argeologen ûntdekten in potsje op it plak dêr't de nije tagongsdyk fan Den Haag komt te lizzen. Yn it potsje sieten 107 sulveren munten, seis earmbannen, in grutte fersulvere mantelspjeld en in pear glêzen kraaltsjes. De âldste munten binne út sawat 60 nei Kristus. 

 

 

>>> Blokhûs Starum (24-10-2014) Yn de Ljouwerter Krante fan freed 24 oktober 2014 stie in stik oer it blokhûs fan Starum. Fryslân foel nei 1525 ûnder keizer Karel V. Hy liet in grut blokhûs bouwe om de Friezen yn betwang te hâlden. Dat blokhûs hat der stien oant 1580 doe't it earst foar in part ôfbrutsen waard. De stiennen waarden brûkt foar de stedswâlen. Yn 1996 binne noch stikken fan dy muorre fûn by opgravings. Neffens it stik yn de Ljouwerter soe it blokhûs mei metersdikke stiennen muorren 88 meter by 83 meter grut west ha. (foto Ljouwerter Krante)

 

>>> Operation Market Garden Yn it wykein fan 20 en 21 septimber wie de betinking fan de slach om Arnhem. Santich jier lyn wie: 'Operation Market Garden. ' Yn Nijmegen slaggen de alliearden deryn om de brêge yn hannen te krijen. Dat slagge spitich genôch yn Arnhem net en dêrtroch duorre de oarloch in heal jier langer. Besjoch wat foto's fan de betinking yn Nijmegen......

>>>  Dokumentêre  Snein 31 augustus 2014 wie der foar Omrop Fryslân in dokumintêre oer it Seaddehûs. Sjoch http://www.omropfryslan.nl/utstjoering/fryslan-dok-fan-31-augustus-2014-1700
>>> Seaddehûs yn Firdgum krijt in ljochter tek It Seaddehûs yn Firdgum kriit in nij tek. It foarige wie te swier en doe sakke it hiele hûs yn. Sjoch fierder https://nl-nl.facebook.com/zodenhuis De foto komt út de Ljouwerter Krante van 26 augustus 2014.
 
 >>> Disclaimer De lessen, digitale opdrachten, puzels en ferhalen dy't hjir stean, binne skreaun foar it fak skiednis yn it fuortset ûnderwiis. De brûkte ôfbyldingen en foto's binne foar in part fan mysels, komme fan it ynternet, komme út de Fryske metoade Memo dy't troch de AFUK útjûn wurdt en binne oernommen út boarnen dêr't ik fan tink dat der gjin kopijrjocht mear op sit. Mocht it sa wêze dat ik fan immen in foto brûkt ha, wêr't noch wol kopijrjocht op sit, dan hear ik dat graach. Dy foto of ôfbylding sil ik dan fuorthelje..
Alles wat hjir stiet, is mei soarch skreaun. Dôchs is it mooglik dat der earne flaters makke binne en dêrom is it gebrûk foar eigen risiko.  This email address is being protected from spambots. You need JavaScript enabled to view it.
cedin.jpg
slykwurker.jpg

Wy hawwe 3 gasten en gjin leden online

dockum.jpg

Social Widget